Springe nei ynhâld

Elegant Angel

Ut Wikipedy
Elegant Angel Productions
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Canoga Park (Kalifornje)
oprjochte 1990
oprjochter Patrick Collins
John Stagliano
eigner Patrick Collins
fuortk. út Evil Angel
offisjele webside
www.elegantangel.com

Elegant Angel, eins folút: Elegant Angel Productions, is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Canoga Park, yn 'e steat Kalifornje.

Elegant Angel waard yn 1990 oprjochte troch Patrick Collins yn gearwurking mei John Stagliano, de baas fan Evil Angel, as in dochterûndernimming fan dy lêste studio. Krekt as Evil Angel lei ek Elegant Angel him ta op 'e gonzo-pornografy, it út 'e losse hân filme reality-subsjenre fan 'e porno. Yn 1996 makke Collins Elegant Angel ta in selsstannich bedriuw, en yn 1998 snie er alle bannen mei Evil Angel troch. De breuk tusken him en Stagliano is omskreaun as "net bepaald freonlik" (neffens Collins koe Stagliano "gjin saak runne" en "soe it op 'e non rinne sûnder [himsels]", wylst Stagliano sei: "Patrick is in klier", "hy die syn wurk net goed" en "ik hie him jierren lyn al oan 'e dyk sette moatten").

Yn 2003 besocht Elegant Angel oer te stappen fan gonzo nei it pornosjenre fan 'e feature film (de eigentlike film), mar tsjin 2004 wie wol dúdlik dat de feroaring ûnsúksesfol wie en hannen fol jild koste hie. Om't der ek oare problemen spilen (sa wiene der technyske swierrichheden mei de fabrikaazje fan dvd's, hie de studio net ien inkeld werkenber logo op syn dvd-hoezen, en likemin in webside of p.r.-ôfdieling) rekke de studio yn swierwaar. Der giene geroften dat Elegant Angel finansjeel oan 'e râne fan 'e ôfgrûn stie en yn 'e ferkeap dien wurde soe. Sa fier kaam it lykwols net. Collins liet de produksje twa moanne lang stillizze en konsintrearre de studio op 'e nij op gonzo en oare spesifike foarmen fan pornografy, wylst it ambisjeuze filmprojekt beëinige waard. De logo's fan it bedriuw waarden ferienfâldige en standerdisearre, de swierrichheden mei de dvd-fabrikaazje oplost en in p.r.-manager oansteld. Dêrnei gie Elegant Angel wer fierder mei it meitsjen fan likernôch acht nije pornografyske films de moanne. Yn augustus 2004 wie Elegant Angel ien fan 'e pornolabels dy't harren it fûleindichst fersetten tsjin it útstel fan 'e Demokratyske Kalifornyske steatssenator Paul Koretz om it gebrûk fan kondooms yn 'e pornoyndustry te ferplichtsjen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.