Springe nei ynhâld

De Kandelaar (Kollum)

Ut Wikipedy
De Kandelaar
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Kollum
adres Foarstrjitte 24
koördinaten 53° 16' N 6° 08' E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1941
offisjele webside
De Kandelaar

De Kandelaar oan de Foarstrjitte 24 wie oant 2021 it tsjerkegebou fan de Herfoarme evangelisaasjeferiening op Grifformearde Grûnslach yn Kollum. De evangelisaasjeferiening wie yn syn soarte ien fan de gruttere evangelisaasjeferienings yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. De feriening, dy't ek wol bekend stiet as it Grifformeard Bûn, is tsjintwurdich ek oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân.

Yn de folksmûle waard it ienfâldige tsjerkje fanwegen de lokaasje tichteby in printerij ek wol it tsjerkje by Banda neamd.[1] Yn de tsjerke waard foar it lêst op 19 juny 2021 in tsjinst fierd. Dêrnei waard de kânselbibel de tsjerke útdroegen.[2]

Nei de doleânsje ûntstiene rûnom yn it lân ferienings fan herfoarme lidmaten, dy't har net ôfsnije litte woene fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, mar it tagelyk net iens wiene mei de frijsinnigens yn de Tsjerke. Sa ek yn Kollum en yn 1916 krigen de rjochtsinnige herfoarmen in eigen evangelist en in pear jier letter ek in eigen tsjerkje oan de Eskesstrjitte.

Doe't de âlde evangelist yn de jierren 1930 mei pensjoen gyng, waard dy ferfongen troch in evangelist dy't troch guon as "te swier" beoardiele waard. Der kaam twaspjalt en in diel ferliet mei de evangelist de gemeente en kocht in boerepleats oan, dy't ôfbrutsen waard om fan de frijkommen stiennen in tsjerke te bouwen, dêr't foar likernôch 200 minsken plak is. It restearjende diel fan de gemeente foege har letter wer by de herfoarme gemeente.[3]

Op 16 maaie 2008 ûndertekenen de herfoarme en grifformearde gemeente fan Kollum nei 116 jier skieding de fúzje ta ien protestantske gemeente. Ek de rjochtsinnige evangelisaasjeferiening gyng mei yn de fúzje. Binnen de ôfspraken falt dat de gemeente selsstannich funksjonearret en in eigen gebou en dûmny hâldt.[4]

Yn de tsjerke waard yn juny 2021 foar it lêst in tsjinst holden. It gebou waard ferkocht oan in partikulier út Kollum.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: