Brekkenpolder
Brekkenpolder | ||
De Brekkenpolder is in poldergebiet en buorskip yn de gemeente De Fryske Marren yn it suden fan Fryslân. It leit besuden Sleat en noardwestlik fan De Lemmer, dêr’t it ek formeel ûnder falt.
De Brekkenpolder bestiet út meardere gebieten. It leit as in eilân oan de noardkant fan Teakesyl. It wurdt fan Teakesyl skieden troch de Lange Sleat, de oare wetters dy 't eilân skiede fan it fêstelân binne: de de Ie, de Wâldsleat, de Brandemar, de Hjerringsleat, de Rynsleat en de Grutte Brekken.
By Teakesyl leit sûnt de ruilferkaveling healwei de 20ste iuw, in brêge dy 't de Dorawei mei de Finnewei ferbynt, dêrfoar wie dêr in fearpont. By de Rynsleat is der dan wer in toeristyske fearpont foar fytsers en fuotgongers. De bewenning fan de buorskip ûntstie benammen oan de Brandemar by de Sleattemerkoai en oan de súdeastkant yn it Follegeaster Skar.
Dy lêste mienskip waard De Kikkert neamd. Follegeaster Skar waard letter de Polder De Kikkert neamd. Yn 2018 is De Kikkert allinnich te finen as fjildnamme en as namme fan de sylskoalle dy’t yn de Wikelerskar, yn de hoeke fan de Ie en de Lange Sleat stiet. Fan 1904 oant 1926 stie yn De Kikkert oan de Lange Sleat in poldermole. Yn it Wikelerskar hat in steamgemaal stien.
Troch de ruilferkaveling kamen der mear pleatsen yn de polder, sadat de buorskip út ferspraat steane huzen bestiet sûnder in echte buorren. By de Lange Sleat leit oan de Koaiwei in lytse kemping. Yn de mande mei de buorskip Teakesyl hat de Brekkenpolder in doarpsbelangenferiening.
Tusken de Dorawei en de Koaiwei leit it natoergebiet Bancopolder, dat beheard wurdt troch It Fryske Gea en Steatsboskbehear.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |