Aldeholtpea
Aldeholtpea | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Weststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.115 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 9,89 km², werfan: - lân: 9,81 km² - wetter: 0,08 km² | |
Befolkingsticht. | 109 ynw. / km² | |
Oar | ||
Postkoade | 8474 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53' N 6° 2' E | |
Lokaasje Aldeholtpea (grien) yn de gemeente Weststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
oldeholtpade.info | ||
Kaart | ||
Aldeholtpea (Stellingwerfsk: Hooltpae of Oolpae) is in doarp yn 'e gemeente Weststellingwerf, twa kilometer noardeast fan Wolvegea by de N351. By it doarp rinne de Linde en de De Skene.
Aldeholtpea hat 1.115 (1 jannewaris 2023) [2] ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1204 wurdt foar de earste kear skreaun oer de namme Holenpathe. Yn dat jier joech de biskop fan Utert de ynwenners tastimming om in eigen kapel te stiftsjen, sadat hja net altiten mear nei de Klemenstsjerke fan Stienwyk hoegden te reizgjen. Wêr't dy kapel stien hat is ûnbekend, de hjoeddeiske Stefanustsjerke waard pas yn 1545 boud. It doarpsgebiet fan Aldeholtpea lei yn 'e midsiuwen folle mear nei it west ta oant de âlde rykswei Stienwyk-It Hearrenfean yn it hjoeddeiske Wolvegea. Om Wolvegea de romte te jaan rekke it doarp Aldeholtpea in stik grûn kwyt.
De namme komt mooglik fan hole path dat moeras of sompe betsjut. Mei't de Linde eartiids geregeld oerstreamde sil it gebiet faak ûnderstrûpt wêze. Doe’t it nije doarp "Nieholtpad" (Nijeholtpea) stifte waard waard oan it begjin fan de 14e iuw "Oude of Olde" oan de namme fan it âlde doarp tafoege.
Yn it earstoan wienen der grutte hakhoutbosken, rûge heidefjilden mei kûlen, hichten en sânferstowings, op guon plakken trochsnien troch sânpaden en paden troch de sompelannen dy’t in diel fan it jier ûnder wetter stienen. De hakhoutboskjes steane noch ferspraat yn it bûtengebiet. Hja helje de plakken yn it sin, dêr’t earder de Helomabosken, Skenebosken, Tsjerkebosken, de bosken fan it lângoed Keningsbergen en it grutte Doktersbosk wienen. Sânferstowingen wienen der op "Klein Zwitserland" en om Keningsbergen. "Klein Zwiterland" leit bewesten de Moleleane.
De typyske healannen mei de kletterbeammen en djerreblommen binne ferdwûn en ek de wiete sompige heidefjilden. Yn 'e tiid fan it turfmeitsjen tusken de twadde helte fan de 18e iuw oant it begjin fan de 20e iuw kamen der foar in part petgatten en sethagen werom. In soad âlde lânskipseleminten binne tusken 1972 en 1994 yn it ramt fan 'e ruilferkaveling ferdwûn en ferfongen troch bosk.[3].
By de befrijing kamen 12 april 1945 twa Kanadeeske pânserweinen fan de Royal Canadian Dragoons yn Aldeholtpea yn in Dútske mûklaach telâne. Wylst de oare Kanadezen allinne ferwûne rekken, ferstoar de 24 jier âlde soldaat Wilfred Berry. Noch yn itselde jier waard foar de soldaat yn it doarp in monumint oprjochte. Yn 1965 waard ek in strjitte nei de soldaat ferneamd.[4]
Sûnt 1965 waard it doarp oan de súdlike kant fan it doarp útwreide mei nijbou.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp hat in pleatslik belang. De doarpskrante Holenpathe ferskynt ienris yn 'e twa moannen. De Feriening Foar Folksfermaak organisearret alle jierren in Autocross, it doarpsfeest en de Rocknight.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Stefanustsjerke (Aldeholtpea).
Skoalle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Iepenbiere basisskoalle De Striepe
- Pjutteboartersplak 't Anlopien
- Berneopfang 't Hummelhûs
Ferieningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1846 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 410 | 865 | 742 | 735 | 681 | 754 | 1100 | 1017 | 1035 |
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Georgius Lemke (1721-1792), dûmny
- Hobbo Lemke (1731-1806), teolooch
- Teun Tolman (1924-2007), CHU-politikus
Eveneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Strjitten yn Aldeholtpea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Publikaasje(s)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Geert Lantinga "Oldeholtpade" (1994)
- Gerrit de Vries "Oldeholtpade tussen 1900 en 2000"
- Anita Exterkate-Bos "Oldeholtpade in vroegere tijden" (2022)
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De saneamde iuwstien op de hoeke fan de haadwei en de Wilfred Berrystrjitte is in swerfstien fan Småland-granyt, dy't mei de iistiid 150.000 lyn efterbleau yn it gebiet dêr't hjoed-de-dei Baarda's Bosk leit.
- Der binne trije kuierrûtes úsetten: de Skenerûte, de Tsjerkeboskrûte en de Heidehichterûte.
- Keningsbergen is it gebiet besiden fan de Stellingewei en eastlik fan de Finkegeafeartwei. De ferbining oer de Linde yn de Finkegeafeartwei hjit de Kontermansbrêge.
- Op 28 april 1712 waard ûnder Aldeholtpea de lêste wolf yn Fryslân deasketten.[5] It soe oant 2018 duorje dat der by Appelskea foar it earst wer yn Fryslân in wolf sjoen waard.[6]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Weststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeholtpea • Aldeholtwâlde • Aldetrine • Aldlemmer • Blesdike • De Blesse • Boyl • Easterstreek • Finkegea • De Hoeve • De Langelille • Munnikebuorren • Nijeholtpea • Nijeholtwâlde • Nijetrine • Nijlemmer • Noardwâlde • Pepergea • Sânhuzen • Skerpenseel • Slikenboarch • Sonnegea • Spangea • Steggerda • Teridzert • Wolvegea | ||
Buorskippen: Boekelte • De Grêft • Rysberkampen • Skoattersyl (foar in part) | ||
· · |