9 july
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 july | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
<< | July | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 |
8 | 9 | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 |
15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 |
22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
29 | 30 | 31 | ||||
2024 |
9 july is de 190e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 191e). Der folgje noch 175 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1540 - Kening Hindrik VIII fan Ingelân lit syn houlik mei syn fjirde frou, Anna fan Kleef, neatich ferklearje.
- 1816 - Argentynje ferklearret him ûnôfhinklik fan Spanje.
- 1854 - Yn Frjentsjer wurdt foar it earst de PC holden.
- 1868 - Súd-Karolina en Louisiana wurdt as 5e en 6e fan 'e yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch fersleine Konfederearre steaten wer talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1922 - De Amerikaan Johnny Weissmuller swimt as earste minske ûnder de minút op 'e 100 m frije slach.
- 1945 - De Nederlânske minister fan Finânsjes, Piet Lieftinck, stelt de jildsuvering yn: foàr 14 july moatte alle bankbiljetten fan 100 gûne ynlevere wurde.
- 1960 - Sovjet-lieder Nikita Chrûsjtsjov driget de Feriene Steaten mei in kearnoarloch as it kommunistyske bewâld op Kuba oanfallen wurdt.
- 1982 - Coca Cola yntrodusearret Cola Light.
- 2002 - Trijeënfyftich Afrikaanske lannen ferienje harren yn 'e Afrikaanske Uny.
- 2005 - Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema wint de achtste etappe fan de Tour de France.
- 2011 - Súd-Sûdan wurdt ûnôfhinklik fan Sûdan.
Berne
bewurkje seksje- 1764 - Ann Radcliffe, Ingelsk skriuwster († 1823)
- 1779 - Isabelle de Gélieu, Switsersk skriuwster en oersetster († 1834)
- 1819 - Elias Howe, Amerikaansk útfiner fan de naaimasine († 1867)
- 1832 - Albert Breunissen Troost, Nederlânsk arsjitekt († 1900)
- 1837 - Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt, Frysk jonkhear, aventuerier en socialite († 1900)
- 1838 - Philip Bliss, Amerikaansk hymneskriuwer († 1876)
- 1852 - Geertruida Christine Jentink, Frysk feministe en sjoernaliste († 1918)
- 1856 - Nikola Tesla, Servysk elektrotechnikus, natuerkundige en útfiner († 1943)
- 1858 - Franz Boas, Dútsk-Amerikaansk antropolooch († 1942)
- 1881 - Richard Hagemann, Frysk-Amerikaansk konsertpianist, dirigint en filmmuzykkomponist († 1966)
- 1920 - Herre Halbertsma, Nederlânsk skiedkundige en argeolooch († 1998)
- 1923 - Joke Folmer, Nederlânsk fersetsstrider († 2022)
- 1928 - Federico Bahamontes, Spaansk hurdfytser († 2023)
- 1935 - Wim Duisenberg, Frysk ekonoom, politikus en bankier († 2005)
- 1945 - Dean Koontz, Amerikaansk skriuwer
- 1951 - Max van Weezel, Nederlânsk sjoernalist en politikolooch († 2019)
- 1954 - Renée de Haan, Nederlânsk sjongster († 2016)
- 1957 - Jurjen van der Meer, Frysk (tekst)skriuwer en ûnderwizer
- 1957 - Todd Lockwood, Amerikaansk yllustrator
- 1969 - Gert-Jan Segers, Nederlânsk politikus en skriuwer
- 1976 - Cecilia Grout, Russysk pornoaktrise
- 1976 - Jochem Uytdehaage, Nederlânsk hurdrider
- 1977 - Simone Horvath, Hongaarsk pornoaktrise
- 1981 - Nyomi Marcela, Amerikaansk pornoaktrise
- 1983 - Ben Saunders, Ingelsk sjonger
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1228 - Stephen Langton, Ingelsk teolooch (* ±1150)
- 1386 - hartoch Leopold III fan Eastenryk (* 1351)
- 1553 - karfoarst Maurits fan Saksen (* 1521)
- 1654 - keizer Ferdinand IV fan it Hillige Roomske Ryk (* 1633)
- 1797 - Edmund Burke, Iersk filosoof en politikus (* 1729)
- 1892 - Binne Bolleman van der Veen, Frysk predikant en skriuwer (* 1818)
- 1932 - King Camp Gillette, Amerikaanske útfiner fan it skearmeske (* 1855)
- 1944 - Sjouke van der Kooi, Frysk ûnderwizer en kenner fan it Hylpersk (* 1851)
- 1949 - Gerrit Knop, Skylger skriuwer, dichter en taalkundige (* 1873)
- 2005 - Evgeny Grisjin, Russysk reedrider (* 1931)
- 2022 - Gerrit Hensens, Nederlânsk politikus (* 1930)
2 | 3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 july | 10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|