21 augustus
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 augustus | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 |
<< | Augustus | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | 3 | 4 | |||
5 | 6 | 7 | 8 | 9 | 10 | 11 |
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 |
19 | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 |
26 | 27 | 28 | 29 | 30 | 31 | |
2024 |
21 augustus is de 233e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 234e). Der folgje noch 132 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 1673 - Yn it ramt fan 'e Tredde Ingelske Oarloch fynt de Slach by Kykdún plak. Hjirby komt admiraal Michiel de Ruyter mei help fan Cornelis Tromp foar dat der by Den Helder in Ingelsk-Frânsk leger lânje kin.
- 1732 - De bemanningsleden fan it Russyske skip de Sankt-Gavriïl geane as earste Jeropeänen oan lân yn Alaska. De Sankt-Gavriïl is in skip ûnder it gesach fan lânmjitter Michail Gvozdev en seefarder Ivan Fjodorov, dat diel útmakket fan 'e ekspedysje fan 'e Sibearyske kozak Afanasij Sjestakov en de Wytrus Dmitry Pavlûtsky.
- 1911 – De Mona Lisa fan Leonardo da Vinci wurdt stellen út it Louvre yn Parys.
- 21 augustus - Hawaï wurdt as 50e (en lêste) steat talitten ta de Amerikaanske Uny.
- 1976 - De 'Lange Jan', de 135 m hege skoarstien fan 'e eardere myn Oranje Nassau I, yn Hearlen, wurdt opblazen. De skoarstien falt ferkeard en skansearret in kantoargebou.
- 1991 - Letlân ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Sovjet-Uny.
- 2016 - Sluting fan 'e Olympyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro.
Berne
bewurkje seksje- 1165 - kening Filip II fan Frankryk († 1223)
- 1612 - Saakje fan Uylenburg, frou fan Rembrandt van Rijn († 1642)
- 1643 - kening Alfûns VI fan Portegal († 1682)
- 1754 - William Murdoch, Skotsk yngenieur en útfiner († 1839)
- 1765 - kening Willem IV fan it Feriene Keninkryk († 1837)
- 1830 - Wynsen Scheltes Faber, Frysk skoalmaster en skriuwer († 1918)
- 1871 - Leonid Andrejev, Russysk skriuwer († 1919)
- 1886 - Ruth Manning-Sanders, Welsk dichter en skriuwer († 1988)
- 1924 - Klaas Beuker, Frysk politikus († 2000)
- 1928 - Allard van der Scheer, Nederlânsk akteur († 2014)
- 1938 - Kenny Rogers, Amerikaansk sjonger († 2020)
- 1949 - Dominic Grant, Ingelsk sjonger († 2020)
- 1957 - Wia Bouma, Frysk keunstneresse.
- 1971 - Mike Candys, Switsersk DJ en muzykprodusint
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1131 - kening Boudewyn II fan Jeruzalim (* 1060)
- 1157 - kening Alfûns VII fan Kastylje (* 1105)
- 1271 - greve Alfûns fan Poitiers (* 1220)
- 1799 - Murk van Phelsum - Frysk dokter en biolooch (* 1732)
- 1836 - Edward Turner Bennett, Ingelsk biolooch (* 1797)
- 1940 - Leon Trotski, Oekraynsk-Russysk revolusjonêr en politikus (* 1879)
- 1944 - Jan Lever, Nederlânsk fersetsstrider (* 1922). (Stjerdatum faaks 21 july)
- 1946 - Rudolf Gundersen, Noarsk reedrider (* 1879)
- 1987 - Jan Siebenga, Frysk bistedokter (* 1903)
- 2000 - Wim Beeren, Nederlânsk museumdirekteur (* 1928)
- 2002 - Eddy Evenhuis, Nederlânsk sjoernalist en dichter (* 1920)
- 2006 - Sjoerd Dirk Janzen, Frysk keunstner (* 1955)
- 2021 - Nicoletta Orsomando, Italjaanske presintatrise (* 1929)
- 2024 - Eddy Dykstra, Frysk-Kanadeesk sjonger (* 1948)
14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 | 20 | 21 augustus | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | 27 | 28 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|