Klaas Beuker (Harns, 21 augustus 1924 - Hoogwoud, 9 oktober 2000) wie in Frysk politikus.

Klaas Beuker (1973)

Beuker wenne nei syn berte oant 1938 yn Harns en gie nei de roomske legere skoalle (kostskoalle). Syn heit wie timmerman-oannimmer, provinsje- en gemeenteambtner en gemeenteriedslid. Yn 1944 flechte hy út Wijnandsrade en dûkte ûnder yn It Heidenskip (by Warkum), by abbekaat A. Brandsma. Beuker troude op 28 augustus 1953 mei slachtersdochter Sjoerdtje Brandsma en krige trije soannen en 2 dochters.

Hy begûn as ûnderwizer oan de roomske legere skoalle yn Makkum, fan 1948 oant 1957. Dêrnei wie hy fan 1957 oant 1960 haad fan de legere skoalle. Fan 1960 oant 1972 waard hy learaar Nederlânsk en skiednis op de roomsk-katolike MULO-skoalle "St. Aloysius" yn Hoorn.

Yn 1971 stie Klaas Beuker tredde op de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen fan de Nieuwe Roomse Partij (NRP), in konservative roomsk-katolike partij. Nei ûnienigens rjochte Beuker mei inkele oaren yn 1972 de Roomsk Katolike Partij Nederlân (RKPN) op. Beuker waard partijfoarsitter en letter listlûker by de betidere Twadde Keamerferkiezingen fan 1972.

Beuker wie fan 7 desimber 1972 oant 8 juny 1977 lid fan de Twadde Keamer as de ienige fertsjintwurdiger fan de RKPN. Klaas Beuker ynterpellearre yn 1974 minister Van Doorn oer de radio- en t.v.-stjoertiid foar de RKPN. Yn de RKPN die him yn 1974 in splitsing foar, dêr't leden fan de groepearring "Club fan Utert" tsjin it sin fan Beuker de bestjoersfunksje by ynnamen. Beuker waard úteinlik troch de rjochter yn it lyk steld, mar troch de ûnienigens ferlear de RKPN yn 1977 dochs har Keamersit. Beuker wie listlûker fan de RKPN yn [1977], 1981 en 1982.

Klaas Beuker stie bekend as in pleitbesoarger fan de konservative streaming binnen de katoliken yn Nederlân; sy fersetten harren tsjin de yn harren eagen tanimmende sedeferwyldering fan de maatskippij yn it algemien en tsjin liberalisearring fan abortus provocatus yn it bysûnder; de yn de jierren sechtich en santich trochfierde modernisearrings yn de (Nederlânske) roomsk-katolike tsjerke wiisden se ek ôf. Beuker starte yn 1979 út de roomske Titus Brandsma Stifting de aksje "Trou oan de Paus".

Keppeling om utens

bewurkje seksje