Wânswert

doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân

Wânswert is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Wânswert leit noardwestlik fan Burdaard, súdeastlik fan Marrum en besuden Ferwert. Wânswert hat 235 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit rûn De Buorren, Skoallestrjitte en Oan’e Kamp om de terp fan Wânswert.

Wânswert
Sicht op Wânswert
Sicht op Wânswert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 235 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 6,41 km², wêrfan:
- lân: 6,28 km²
- wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht. 35 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 18' N 5° 50' E
Offisjele webside
Side fan Wânswert
Kaart
Wânswert (Fryslân)
Wânswert

De buorskippen Tergrêft en Bartlehiem (diel) hearre ek by Wânswert. Earder hearde de útbuorren Wânswert oan de Streek ek by Wânswert, mar dy útbuorren is sûnt 1984 part fan Burdaard.

Archeologyske fynsten hawwe sjen litten dat it gebiet, dêr't Wânswert no leit, al tusken 8000 en 3000 foar Kr. út en troch bewenne west hat. By it begjin fan ús jiertelling kamen der fêste bewenners.

Wânswert gou as in ryk doarp. De âlde pastorij en de mânske tsjerke en toer, dy't oan Petrus wijd is, tsjûgje dêr fan. Der waard sels sein dat Wânswert sa ryk wie, dat der goud yn de klok ferwurke wie. Twa famyljes hawwe yn Wânswert in grutte rol spile: de Donia's, dy't de terp Doanjeterp by de Streek noch yn oantinken hâldt, en de Goslinga's. Yn de tsjerke is noch in sark fan Sipt fan Goslingha.

Yn de 19e iuw hat Wânswert ek in rol spile by de ôfskieding fan 1834. De Kristlik Ofskieden gemeente yn Wânswert hat, mei troch it geastlike klimaat dêr, wichtich west by de fuortgong fan de ôfskieding.

It gong mei Wânswert yn de lêste 50 jier fan de 20e iuw krekt sa as mei mear doarpen. Der kaam gjin nijbou mear en ek yn Wânswert moast de lêste winkel slute. De pastorij waard net mear troch in dûmny bewenne.

Oant 2019 lei Wânswert yn de gemeente Ferwerderadiel. Sûnt 2019 leit Wânswert yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

De namme kaam ek foar as Wanswerd, Wandelswerth en Wandelsweert. Guon ferklearje de namme Wânswert as Weda's terp. Dat soe der dan op wize kinne dat de tsjerke in foargonger hân hat as in Germaansk hillichdom. Oaren tinke dat de namme ôflaat is fan de persoansnamme Wander. Yn dat gefal is it de terp fan Wander.

 
Petrustsjerke
  De Wikipedy hat ek in side Petrustsjerke (Wânswert).

De foarse Petrustsjerke waard yn de 16e iuw boud en stiet op de diels ôfgroeven terp út de izertiid. Yn it koer fan de tsjerke is dowestien oantroffen en dat betsjut dat dêr âldere boudielen oanwêzich binne. De tsjerke is op freed 27 septimber 2019 as de 52e tsjerke troch de PKN-gemeente oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken oerdroegen. Mei it gebou waard ek lân jûn, dêr't it ûnderhâld mei betelle wurde kin. De tsjerke wurdt út en troch noch brûkt foar tsjinsten.[3]

  De Wikipedy hat ek in side Victor (mole).
 
Mûne 'De Fiktor'

De wettermûne Fiktor is út 1867. Foar dy tiid moasten seis lytse boeremûnen en in trijetal tsjaskers it lân drûch hâlde. Lykas in soad oare mûnen waard ek de Fiktor yn de 20e iuw oerstallich. De Stichting De Fryske Mole hat de mûne yn 1978 oernommen en dy wurdt no brûkt as learmûne foar takomstige mûnders. De mûne is noch hielendal bedriuwsklear en kin by need it wetterskip helpe.

Oant 1974 wiene der noch winkels en oant 1983 wie der in skoalle yn it doarp. Oerbleaun is in hechte doarpsmienskip. De Wânswerters besykje sa folle as it kin de doarpsferienings yn libben te hâlden. De mienskipssin blykt út aktiviteiten as toulûken, doarpsfeest, toanieljûn en fiskdagen. Yn de buorren stiet de âlde skoalle út 1896, no it doarpshûs 'Eldorado'. Ek Doarpsbelang hat dêr syn gearkomsten.

It ynwennertal fan Wânswert yn it ferline is net maklik nei te gean, om't de Streek der meastentiids by rekkene waard. Om 1840 hinne wienen der neffens Van der Aa 125 minsken dy't yn it doarp wennen.

Befolkingsûntwikkeling

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 1999
Ynwenners 125 684 650 661 662 274 190
Jier 2004 2015 2020
Ynwenners 213 195 209

Berne yn Wânswert

bewurkje seksje
  • Eldorado - jeugdsoas
  • Concordia - muzykkorps
  • Toanielferiening
  • Enerzjykoöporaasje Meiïnoar Grien
 
Tsjerkepaed
  • Bartlehiem - buorskip Bartlehiem
  • De Buorren
  • Goslingawei
  • Iedyk -
  • Joastereed
  • Kleasterdyk
  • Oan 'e Kamp
  • Patroanswei
  • Skettersdyk - Op de prekadastrale atlas fan Ferwerderadiel (1640 - 1700) stiet de wei oanjûn as Schaddersdijk
  • Skoallestrjitte
  • Tergrêft - buorskip Tergrêft
  • Tsjerkepaed
  • Wirdsterterp

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·