Sweagerbosk
Flagge fan Sweagerbosk Wapen fan Sweagerbosk
Flagge Wapen
Lokaasje fan Sweagerbosk
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2022) 571
Webstee []

Sweagerbosk is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Sweagerbosk leit noardlik fan Twizelerheide, eastlik fan De Westerein en súdwestlik fan Kollumersweach. Yn 2022 hie Sweagerbosk 571 ynwenners. De doarpskearn fan Sweagerbosk leit om de Boskwei en ferskate oare strjitten.

Sûnt 1940 is Sweagerbosk in selsstannich doarp, dêrfoar hearde it by Kollumersweach.

De heidebewenners wennen yn heidehutten of spitketen dy’t sûnt it begjin fan de 20e iuw ferfongen waarden troch lytse bakstiennen húskes mei soms noch in stâl ûnder itselde dak. Se besochten yn harren libbensûnderhâld te foarsjen mei it ropen, it draaien fan tou, en it meitsjen fan biezems en skrobbers of it flechtsjen fan matten yn stuollen. Dy waarden dêrnei yn de wide omjouwing útsutele.

De (eardere) heidestreek rekke fan it begjin fan de 18e iuw ôf bewenne en mids 19e iuw wie der, oan de koart foar 1930 ferhurde Boskwei/Bjirkepaad, in streek foarme dy't destiids op kaarten koartwei oantsjutten waard as It Bosk. De heidehutten binne yn it kader fan de Wenningwet opromme, mar ek de earste húskes dy’t yn dat kader boud waarden, binne ferdwûn. Oan de yn 1950 ferhurde Heidewei stienen koartlyn noch twa fan kalksânstien boude spultsjes(fan 1913). It wienen noch geve wenten mei in skuorre foar wat lytsfee, in ko of lânbouprodukten. Arbeiderswenten wurde se ek neamd, omdat de bewenners, njonken in oar berop of los wurk, mei wat lânwurk op in rom hiem lytsskalige feefokkerij bedriuwe koene om sa yn harren ûnderhâld te foarsjen.Sweagerbosk hat him nei 1945 sterk fernijd. Der binne sûnt in soad frijsteande huzen boud, wêrtroch it doarp by De Swadde sterker ferweven is mei Twizelerheide yn Achtkarspelen en De Westerein yn Dantumadiel.

De âlde ôfwettering de Swadde mei pingo’s is in fraai fyts- en wannelgebiet.

  • 1954 : 493
  • 1959 : 482
  • 1964 : 521
  • 1969 : 498
  • 1974 : 535
  • 2007 : 652
  • 2014 : 637

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sweagerbosk fan Wikimedia Commons.
  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   ·