Kleastergong
In kleastergong of krúsgong is in fakentiden oerwulve gong, mei oan ien kant arkades, om in fjouwerhoekige of rjochthoekige binnenhôf fan bygelyks kristlike kleasters.
Fakentiden grinzget in kleastergong oan de súdlike kant fan de kleaster- of kollegiale tsjerke. De kleastergong tsjinnet as tagong fan de kleaster- of konvintsgebouwen, dy't om de kleastergong lizze, lykas de tsjerke, it refektoarium of de kapittelseal. De iepen binnenhôf wurdt somtiden as tún brûkt, mar somtiden ek as tsjerkhôf.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kleastergongen fan Wikimedia Commons. |