Springe nei ynhâld

RMS Titanic

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Sinken fan de Titanic)
RMS Titanic
It Royal Mail Ship de Titanic yn 1912.
It Royal Mail Ship de Titanic yn 1912.
algemiene ynformaasje
flagge Feriene Keninkryk
thúshaven Liverpool (Ingelân)
eigner White Star Line
skiednis
werf Harland and Wolff (Belfast)
kyllizzing 31 maart 1909
tewetterlitting 31 maaie 1911
oplevere 2 april 1912
yn de feart 10 april 1912
status sonken 15 april 1912
bysûnderheden en sifers
type passazjiersskip
lingte 269,1 m
breedte 28,2 m
hichte 53,3 m (kyl oant top skoarstiennen)
djipgong 10,5 m
deplassemint 52.310 long ton
tonnaazje 46.328 brt
tal dekken 9 (A-G)
bemanning 899 koppen
passazjiers 2.223 persoanen
maks. faasje 21 knopen (38 km/o)
opmerkings 20 rêdingsboaten
(genôch foar 1.178 minsken)

De RMS Titanic wie de twadde fan trije grutte lúkse passazjiersskippen dy't it mearpart fan de passazjiers oer de Atlantyske Oseaan oernimme moasten. It skip waard yn Belfast boud foar de White Star Line, en op 20 oktober 1910 te wetter litten. Doe't de Titanic oan syn earste reis begûn wie it it grutste passazjiersskip yn de wrâld mei 2235 minsken oan board.

Op dy earste reis, yn april 1912 krige de Titanic op 14 april om 11 oere 40 yn de nacht in botsing mei in iisberch. De iisberch skansearre de romp oan stjoerboard, dêr't seis lekken troch ûntstienen. Trije oeren letter wie it skip te sink gongen. Fyftsjinhûndert minsken kamen om hals, wat dit ien fan de slimste skipsûngemakken ea makke.

It te sink gean fan de Titanic is lykwols ek ien fan de ferneamdste skipsûngemakken. It hat de ynspiraasje west foar in grut tal boeken en foar in tsiental films.

Yn 1985 waard op de boaiem fan de Atlantyske Oseaan it wrek fan de Titanic weromfûn, op 41°43′ N, 49°56′ W. Der is in grut tal dingen út it skip nei boppen helle, dêrûnder in stik stiel fan it skip fan 6,5 by 4 meter. Doe't it wrek fûn waard, wie de tastân dêrfan noch goed. Mûglik troch de fersteurings troch de bergings en oantaasting troch in rostfrettende baktearje (Halomonas titanicae)[1] wurdt de tastân fan it wrek hurd minder. It wurdt rûsd dat it tsjin 2050 foar it grutste part ferdwûn wêze sil.

Skilderij fan Willy Stöwer oer it ûngemak

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (en) BBC.com: Jasmin Fox-Skelly, The wreck of the Titanic is being eaten and may soon vanish (5 febr. 2018)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Titanic fan Wikimedia Commons.