Springe nei ynhâld

Maitiid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Maityd)
In protte blommen komme ta bloei yn de maitiid.
De Argentynske gewoante om giele blommen te jaan op 'e dei fan it begjin fan' e maitiid as symboal fan freugde, enerzjy en optimisme is ferspraat nei in protte lannen.

De maitiid (ek wol stavere as maityd of maaitiid) of it foarjier, is ien fan de fjouwer jiertiden.

Yn de stjerrekunde begjint de maitiid op de dei dat de dei en de nacht like lang binne, de maitiidevennacht. Dit barren fynt plak om 20 maart hinne op it noardlik healrûn en om 23 septimber hinne op it súdlik healrûn. De sinne giet dan troch it maitiidpunt. De maitiid einiget mei de simmersinnekear, it stuit dat de sinne it heechst boppe de himel stiet. Op it noardlik healrûn is dat om 21 juny hinne en op it súdlik healrûn om 21 desimber hinne.

Yn de waarkunde begjint de maitiid op it noardlik healrûn op 1 maart en rint dizze oant 1 juny. Op it súdlik healrûn rint dy perioade fan 1 septimber oant 1 desimber.

De maitiid is it seizoen dêr't it waar wer waarmer wurdt, trochdat it part fan de ierde dêr't it maitiid wurdt nei de sinne ta kantelet. It is ek de tiid dat de bisten wer út harren wintersliep of winterferbliuw krûpe en harren fuortplantsje. Ek komme in protte blommen ta bloei.

It wurd maitiid is, krekt as de moannenamme Maaie, ôflaat fan Latin maius, fan Maja, Romeinske goadinne fan de Ierde.