Fear (ferfier)
Appearance
(Trochferwiisd fan Fearboat)
In fear, fearboat, set of mei in Ingelsk lienwurd ferry is in fartúch dat in ferfiersferbining oer in wetter ûnderhâldt, mei as doel om minsken en fracht fan it iene nei it oare plak oer te setten.
Fearen nei technyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fearen brûke ferskate technyken om it wetter oer te stekken.
- In frij-farrend fear hat gjin ferbining mei de wâl. Troch in motor, of troch spierkrêft, wurdt it fear nei de oare kânt brocht. Om't it fear nearne oan fêst sit is dit type fear it ienichste dat oer grutte ôfstannen brûkt wurde kin. Mar sûnder fêst punt kin it ek mei naam wurde troch de stream, wat it minder gaadlik makket foar rivieren.
- In gierfear kin allinne op brûkt wurde op rinnend wetter. It fear is mei ien kabel ferbûn mei in punt op de stream. Troch it fear skean tsjin de stream yn de kearjen wurdt it troch de stream nei de oare wâl treaun. Hast altyd hat in gierfear ek noch in motor. Om't in gierfear de stream nedich hat kin it allinne brûkt wurde op in rivier.
- By kabelfearen rint der fan beide kanten in kabel nei it fear. Troch it gewicht fan de kabel of de keatling leit dy op de grûn, útsein by de wâl en by it fear, sa't oare skipfeart frij hâlden wurdt. Der binne ferskate wizen om it fear nei de oare kant te bringen:
- By fearen lykas it winefear wurdt de keatling nei de oare wâl ynnaam, bygelyks mei in wine. Om't sa it fear ek ophelle wurde kin mei in wine op de wâl, is dit type gaadlik foar doch-it-sels oersetten.
- By fearen lykas in lûkfear wurdt it fear, meast mei de hân, de kabel bylâns lutsen nei de oare kant. Dit nimt op it fear hast gjin romte yn, en dêrom is it ek gaadlik foar lytse boatsjes op lange oerstekken.
- In inkelt kear komt ek in laat fear foar. Hjirby tsjint dy kabel allinne om it fear te stjoeren. It fear wurdt lykas by in frij-farrend fear mei in motor of mei spierkrêft nei de oare kant brocht, wylst de kabel der is om foar te kommen dat it fear troch de stream meinaam wurdt.
- In bysûndere ferzje fan in kabeldfear is it sweeffear', dat al oan in kabel hinget, mar oer it wetter hinne giet. Dizze konstruksje wurdt somtiden ûnder in grutte brêge hongen, foar it oersetten fan stadich ferkear.
- Al in fear mar net in skip, is de fearwein. Hjirby stiet in wein op raljes ûnder wetter, en rydt dêroer nei de oare kant. It Amsterdam-Rynkanaal hie oant 1 novimber 1972 fiif fearweinen, mar by it djipper meitsjen fan it kanaal kaam dêr in ein oan.
Fearen nei ferfier
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei gelang it grutste ferkear dat oersette wurde kin wurdt sprutsen fan fuotfearen, fytsfearen, autofearen en treinfearen.