Springe nei ynhâld

Parlemint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Folksfertsjintwurdiger)
House of Representatives yn Austraalje.

In parlemint is it heechst keazen beriedhâldende orgaan fan een demokratyske rjochtssteat, besteande út keazen fertsjintwurdigers fan it folk, de saneamde parlemintariërs of folksfertsjintwurdigers. It parlemint spilet as de saneamde wetjaande macht in essinsjele rol by it meitsjen fan wetten en tafersjochhâlden op de útfierende macht. De namme komt fan it Frânske parler, dat "prate" betsjut; in parlemint is in petear, in diskusje, dus in gearkomst dêr't minsken diskusearje oer saken. In folksfertsjintwurdiging hjit allinnich parlemint yn in parlemintêr systeem, har tsjinfuotter yn in presidinsjeel systeem wurdt kongres neamd.

Fan de nei skatting 180 lannen yn de wrâld hawwe 60 in bikeameraal systeem.

Yn Nederlân wurdt de folksfertsjintwurdiging de Steaten-Generaal neamd. Sûnt 1814 is dit in parlemint, yn 1815 waard it splitst ta in twakeamerstelsel.

It Europeesk Parlemint hat ien keamer. Guon wolle in ekstra keamer mei leden út de nasjonale parleminten.

De funksje fan it parlemint

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In parlemint hat 4 funksjes:

  1. Represintative funksje. Parlemintsleden fertsjintwurdigje it folk en foarmje dêrtroch de spil tusken de mienskip (it folk) en it polityk systeem.
  2. Wetjouwende funksje. It parlemint is de wetjouwende macht.Yn de werklikheid giet dit faak yn oerlis mei de regearing dy't faak wetsfoarstellen docht.
  3. Deliberative funksje. Dit is de funksje fan parlemintaarjers om te debattearjen oer nije wetsfoarstellen. Yn de US wurdt filibustearjen tapast om stimmingen oer wetsfoarstellen sa folle mooglik út te stellen.
  4. Kontrolearjende funksje. Parlemintsleden kontrolearje it funksjonearjen fan it regear sekuer. Hjirby kin ûnder oare gebrûk makke wurde fan kalkulaasjes fan de Algemiene Rekkenkeamer om te kontrolearjen oft de útfierende macht him oan de begrutting hâldt en it steatsjild ferantwurde útjout. In spesjaal kontrolemiddel is dat fan de parlemintêre ûndersykskommisje wêrmei't in kommisje oansteld wurdt om de oarsaak fan in grutte fout op in bepaald beliedsterrein út te sykjen en op basis hjirfan oanbefellings te dwaan.

List fan parleminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]