Springe nei ynhâld

Makarios III fan Syprus

Ut Wikipedy
Makarios III fan Syprus
Aartsbiskop Makarios III fan Syprus
Aartsbiskop Makarios III fan Syprus
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael Christodoulou Mouskos
berne 13 augustus 1913
berteplak Pano Panagia
stoarn 3 augustus 1977
stjerplak Nikosia
wurkpaad
aktyf as Aartsbiskop fan Syprus
Presidint fan Syprus

Makarios III fan Syprus (Gryksk: Μακάριος Γ; Michael Christodoulou Mouskos, Gryksk: Μιχαήλ Χριστοδούλου Μούσκος; 1913-1977) wie in Grysk-Syprioatyske aartsbiskop en tagelyk de earste presidint fan 'e Republyk Syprus.

It Kykkos kleaster.

Michael Christodoulou Mouskos waard yn Pano Panayia yn it distrikt Pafos berne yn 'e tiid dat Syprus in koloanje fan Grut-Brittanje wie. Yn 1926 waard de jonge yn 'e âldens fan 13 jier talitten as novise yn it Kykkoskleaster. Doe't er 20 jier âld wie waard er nei it Pansypryske gymnasium yn Nikosia stjoerd, dêr't er yn 1936 syn middelbere oplieding foltôge. Yn'e Twadde Wrâldkriich studearre er teology en rjochten oan 'e Universiteit van Atene, dêr't er yn 1942 ôfstudearre. Wylst er syn belangstelling foar de akademyske teology hold, waard er pryster yn 'e Syprioatysk-Otterdokse Tsjerke; hy krige in beurs fan 'e Wrâldried fan Tsjerken om fierder oan 'e Universiteit fan Boston yn Massachusetts te studearjen.

Yn 1948 waard er, wylst er noch yn Boston studearre, tsjin syn sin ta biskop fan Kition keazen en naam doe de namme Makários (Μακάριος) oan, itjinge 'lokkich' of 'segene' betsjut en gie werom nei Syprus. Lykas in soad Griken op Syprus sympatisearre de biskop yn 'e jierren 1940 en 1950 mei de enosis, in ienwurding mei Grikelân.

Op 18 septimber 1950 waard Makarios, noch mar 37 jier âld, keazen ta aartsbiskop fan Syprus. Dêrmei waard er net allinne it offisjele haad fan 'e Otterdokse Tsjerke fan Syprus, mar ek feitlik de nasjonale lieder fan 'e Syprioaten. Dy ynfloedrike posysje sette Makarios yn it sintrum fan 'e Syprioatyske polityk.

Yn 'e jierren 1950 waard Makarios tige populêr ûnder de Gryksk-Syprioaten. Al gau waard de aartsbiskop in pleitbesoarger foar de ienwurding mei Grikelân en hy ûnderhold yn it earstoan nauwe bannen mei it Grykske regear. Yn augustus 1954 stelde Grikelân, foar in part op oantrunen fan Makarios, de kwestje Syprus oan 'e oarder by de Feriene Naasjes. De Britske koloanje Syprus moast neffens Grikelân sels bepale wat it woe. De foarstanners fan 'e enosis wiene it dêr wol mei iens wêze want by selsbeskikking soe in referindum dochs op in ienwurding mei Grikelân útrinne.

Mar it Britske regear wie net optein, want it eilân wie foar Grut-Brittanje it haadkertier foar it Midden-Easten woarn. Yn 1955 waard in pro-enosis organisaasje ûnder de namme Ethniki Organosis Kyprion Agoniston (Nasjonale Organisaasje fan Syprioatyske Striders) of EOKA oprjochte, in typyske ûnôfhinkelikheidsbeweging. Makarios sil sûnder mis guon politike ideeën fan 'e organisaasje dield ha en hie koe de lieder fan dy beweging, de Gryksk-Syprioatyske politikus George Grivas, mar yn hoefier Makarios dêr ynearsten ek by belutsen wie is in striidkwestje. Wol is dúdlik dat Makarios altiten sein hat dat er neat ha moast fan it gewelddadige ferset fan 'e EOKA.

1950-1960 Ferballing en eskalaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 20 augustus 1955 lei Grikenlân in petysje by de Feriene Naasjes del mei in nij fersyk om selsbeskikking foar Syprus. Dêrnei ûnderdrukte it koloaniale regear fan Syprus alle demonstraasjes en uteringen, dy't oprôpen ta in uny mei Grikelân. Dêr luts aartsbiskop Makarios him net in soad fan oan en hy bleau foar selsbeskikking striden.

Doe't de feilichheidssitewaasje yn Syprus yn 'e hjerst fan 1955 minder waard, iepene de Britske gûverneur Sir John Harding petearen oer de takomst fan it eilân. Yntusken wie Makarios al nau belusten by de opstân en de petearen waarden begjin 1956 sûnder akkoart ôfbrutsen. De Britske parse skreau min oer Makarios en ek de Britske autoriteiten wiene erchtinkend en op 9 maart 1956 waard Makarios op it fleanfjild fan Nikosia mei in spesjale operaasje ûntfierd om him te ferballen nei it eilân Mahé fan 'e Seysjellen. De aartsbiskop en syn stêf waard oer ferskillende plakken nei Mahé flein en kaam dêr op 14 maart yn Port Victoria oan.

Tsjin de ein fan 'e jierren 1950 stribben de Turksk-Syprioaten yntusken nei Taksim, of in opdieling fan it eilân. Foarstanners fan dy opdieling tochten dat hja yn in Gryksk Syprus ûnderdrukt wurde soene troch de dominante Gryksk-Syprioatyske mearderheid en neffens har soene hja allinne ûnder Britsk of Turksk bestjoer feilich wêze. Dêrmei groeide de polisarisaasje op it eilân oer de fraach hokker kant it mei Syprus op moast. De mienskippen hiene hiel ferskillende ideeën oer de takomst fan it eilân.

Nei in jier ferballing waard Makarios frijlitten, mar hy mocht noch hieltiten net werom nei Syprus en gie dêrom nei Atene, dêr't er fierder krewearre foar de enosis. Yn 'e twa jier dêrnei wenne Makarios û.o. de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes by, dêr't ek oer de kwestje Syprus sprutsen waard.

Under presidint Constantine Karamanlis fan Grikelân waard it doel fan in uny stadichoan ferfongen troch in Syprioatyske ûnôfhinklikens. Underhannelings setten yn 1958 útein en yn 1959 waard Makarios yn Londen útnoege foar de krekte útwurking. Op 1 maart 1959 sette de aartsbiskop wer in foet op Syprioatyske boaiem, dêr't twatredde fan 'e folwoeksen befolking him ferwolkomme.

De presidintsferkiezings waarden op 13 desimber 1959 holden en Makarios fersloech mei twatredde fan alle stimmen syn rivaal Ioannis Klerides. Makarios wie no polityk lieder fan hiel Syprus. As fisepresidint waard Fazıl Küçük keazen. It parlemint bestie út 35 Gryksk-Syprioatyske ôffurdigen en 15 Turksk-Syprioatyske ôffurdigen.

Nei syn ferkiezing ûntwurp Makarios mei de fise-presidint Fazıl Küçük plannen foar it takomstige Syprus. Yntusken wie Makarios fan betinken dat in uny mei Grikelân der net yn siet en de iennige oplossing foar in fredich Syprus in stevige ûnôfhinklikens wie. Op 16 augustus waard de flagge fan Grut-Brittanje yn Nikosia strutsen en as presidint socht Makarios no it politike midden op troch goede relaasjes mei Grikelân èn Turkije op te bouwen. Syprus waard boppedat lid fan 'e Beweging fan Net-Bûne Lannen.

Makarios op steatsbesite yn West-Dútslân.

Yn maart 1961 waard Syprus talitten as lid fan 'e Mienebest fan Naasjes en Makarios fertsjintwurdige syn lân op 'e konferinsje fan premiers fan it Mienebest yn 1961. Ek wenne er yn septimber 1961 de earste top fan 'e Beweging fan 'e Net-Bûne Lannen yn Belgrado by. Washington en Londen begûnen har soargen te meitsjen oer de ûnôfhinklike koers fan Syprus en nei 't Makarios yn in fiering yn 'e Sint-Michaelkatedraal fan 'e Servysk-0tterdokse Tsjerke foargie, waard dat yn 'e Feriene Steaten útlein as soe Makarios him yn 'e rjochting fan it kommunisme bewege. Yn 'e Amerikaanske parse waard Makarios no it mikpunt fan hún en dêr neamden se him de 'Castro fan 'e Middellânske See', wylst de Britske parse yntusken hiel wat positiver oer him begûn te skriuwen.

Yn Syprus sels skeat it paad fan in ûnôfhinklik Syprus lykwos noch gjin woartel en der ûntstiene jimmeroan mear spannings tusken de Turksk- en Gryksk-Syprioaten, sadat Makarios twongen waard om yn novimber 1963 mei 13 amendeminten foar de grûnwet út te stellen. Makarios woe in soad iepenbiere amten befrije fan 'e etnyske beheinings, dy't yn oanrin nei de ûnôfhinklikens oerienkommen wiene sadat it lân effisjinter bestjoerd wurde koe en de twa mienskippen by inoar brocht waarden troch de rigide, ynteretnyske juridyske grinzen op te heffen. In soad erchtinkende Turksk-Sypioaten leine dy útstellen lykwols út as in bedriging foar de grûnwettelike beskerming tsjin de dominante posysje fan 'e Gryksk-Syprioaten. As reaksje op de útstellen fan Makarios leine de measte Turksk-Syprioatyske amtners it wurk del en Turksk-Syprioaten begûnen harren út etnysk mingde gebieten werom te lûken troch te ferhûzjen nei doarpen en stêden mei in gruttendiels Turksk-Syprioatyske befolking. Ein 1963 briek der geweld út tusken de mienskippen.

Makarios en de kwestje Syprus (1964–1977)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Makarios setten syn neutrale polityk troch. Mar hy slagge der net yn om de Turksk-Syprioaten der fan te oertsjûgjen dat hja feilich wiene yn in ûnôfhinklik Syprus. Likemin wiene alle Gryksk-Syprioanten derfan te oertsjûgen dat in ûnôfhinklik Syprus in goed alternatyf wie foar in uny mei Grikelân. By syn ynauguraasje ferklearre de aartsbiskop dat de kwestje Syprus net mei geweld oplost wurde koe, mar yn it ramt fan 'e Feriene Naasjes fierder útwurke wurde moast. Ek lei er de klamp op dat er foar in fredich en ienriedich Syprus stie, mei likense rjochten foar alle ynwenners. Der wiene lykwols ek Syprioaten dy't harren fersetten tsjin de polityk fan fersoening en der wie yn 1970 sels in mislearre oanslach op it libben fan 'e aartsbiskop.

Yn 1967 grypte in militêre junta mei stipe fan 'e CIA de macht yn Atene en de relaasjes tusken it nije rezjym en Makarios wiene striemin. Makarios beskuldige it rezjym derfan dat it syn autoriteit ûndermine troch paramilitêre organisaasjes foar de enosis te ûnderstypjen. Yn 'e simmer fan 1971 namen de spanningen tusken de mienskippen wer ta. De EOKA-lieder George Grivas, dy't Makarios yn in Grykske krante foar ferrieder útmakke hie, kaam yn it geheim nei Syprus en sette op 'e nij de EOKA op, no ûnder de namme EOKA-B. Ek waarden trije nije pro-enosis kranten útjûn, dy't troch de militêre junta fan Grikelân betelle waarden. It doel wie om Makarios ôf te setten en fanút syn skûlplak besocht Grivas dat te dwaan mei propaganda en terroristyske oanfallen.

De relaasjes tusken Nikosia en Atene wiene op dat stuit sa min, dat de Grykske kolonels Makarios in ultimatum stelden en easken dat er it regear suverje soe fan ministers dy't krityk hiene op 'e junta. De massademonstraasjes op Syprus wiisden lykwols op in grutte stipe foar Makarios. Dochs bûge Makarios op it lêst foar de Grykske druk mei in reorganisaasje fan syn regear. In oare saak dy't Makarios tsjinwurke wie it feit dat de measte ofsieren fan 'e Syprioatyske Nasjonale Garde lju wiene dy't de Grykske junta stipen, Makarios it leafst ôfsetten en oant in sekere hichte in uny mei Grikelân winsken. Ek Grivas bleau foar de aartsbiskop in bedriging, mar wylst de kolonels somtiden noch ree wiene om mei Turkije oer Syprus in deal te meitsjen, wie Grivas op eltse regeling tsjin dy't net late ta in folsleine enosis fan it eilân.

Yn 'e maitiid fan 1972 waard Makarios út in hiele oare hoeke oanfallen doe't de trije biskoppen fan 'e Tsjerke fan Syprus syn ûnslach as presidint easken, om't syn presidinsjele plichten net mei de tsjerklike wetten strykten. Makarios sette de trije biskoppen yn 'e simmer fan 1973 út harren amt en foardat er se ferfong makke hy fan 'e trije bisdommen fiif om de macht fan 'e yndividuele biskoppen te ferminderjen.

Tsjin de ein fan 1973 siet Makarios steviger yn it seal en wie de saak fan Grivas hopeleas. Yn novimber 1973 sette de hardliner Dimitrios Ioannidis Georgios Papadopoulos ôf en dy stelde in twadde junta yn, mei himsels as de ûnsichtbere diktator. Grivas besocht tsjin 'e ein fan 1973 kontakt te meitsjen mei it nije rezjym yn Atene, mar Ioannidis wegere syn bedoelingen mei Syprus útien te setten. Op 27 jannewaris 1974 ferstoar Grivas troch in hertoanfal.

Yntusken joech Makarios de folgelingen fan Grivas nei syn dea amnesty. Makarios hope dat mei de dea fan Grivas de EOKA-B as guerrilla-organisaasje ferdwine soe en in soad striders akseptearren it oanbod fan Makarios. It soarge lykwols ek dat de efterbliuwende hardliners in gruttere ynfloed yn 'e organisaasje krigen.

Ofsetting en Turkske ynvaazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 3 maaie 1974 stjoerde Makarios in brief oan it Grykske regear dat in tal Grykske ofsieren fan 'e Syprioatyske Nasjonale Garde it Syprioatyske regear ûnderminen. It antwurd fan Atene wie dat de betreffende ofsieren werom roppen wurde soene. Healwei juny 1974 naam Makarios sels it inisjatyf troch de Syprioatyske Nasjonale Garde te twingen n en daagde Atene streekrjochyt út. Hy tocht dat er de ynfloed fan 'e junta op Syprus koe útskeakelje troch de Syprioatyske Nasjonale Garde loyaliteit ôf te twingen. Op 2 july 1974 skreau Makarios oan 'e kolonels dat alle Grykske ofsieren yn 19 dagen it eilân ferlitte moasten. De Grykske Minister fan Bûtenlânske Saken Spyridon Tetenes stelde as in kompromys út dat Makarios persoanlik de ferfangen ofsieren út in list fan Grykske ofsieren mocht útsykje, mar Makarios wegere dat.

Op 15 july oerrompele Ioannidis om 08:15 Makarios mei in steatsgreep yn Nikosia. Makarios wist mar krekt troch in achterdoar út it presidinsjele paleis fuort te kommen nei Pafos en waard troch in Britske helikopter it lân útholpen doe't pro-Grykske krêften it eilân ynnamen. Nikos Sampson, in útjouwer út Nikosia en foarstanner fan enosis, naam it plak fan Makarios yn. In pear dagen letter spruts de aartsbiskop foar de Feilichheidsried fan 'e Feriene Naasjes en hy beskuldige de Grykske militêre junta de binnenlânske frede fan Syprus te skeinen.

Turkske ynvaazje,

Fiif oeren letter begûn ta ferrassing fan Ioannidis de ynvaazje fan Turkije. Neffens de betingsten fan in Garânsjeferdrach hiene Grut-Brittanje, Grikelân en Turkije it rjocht om yn te gripen as de grûnwet fan Syprus skeind waard mei as doel dy grûnwet wer yn wurking te stellen. Dat barde, mar it Turkske leger is sûnt altiten op Syprus bleaun en Turkije hat it lân etnysk opdield likernôch mei deselde grinzen dy't de foarstanners fan 'e Turkske nasjonalisten fan Taksim útstelden. Turken en ek guon Turksk-Syprioaten lizze de ynvaazje út as in fredesoperaasje foar de feiligens fan 'e Turksk-Syprioatyske mienskip. Mar neffens de saak fan Syprus-Turkije bepaalde it Europeeske Hôf foar de Rjochten fan de Minske dat it in wapene konflikt wie tusken Turkije en de Gryksk-Syprioatyske befolking fan it eilân.

Byld fan Makarios yn Nikosia.

It rezjym fan Ioannidis yn Athene stoarte in pear dagen nei de Turkske ynvaazje yn en dêrmei wie it ek dien foar presidint Sampson. Der waard sein dat Turkije der mei drige om Grikelân yn te fallen en yn stee fan it lânsbestjoer moasten de kolonels harren no talizze op 'e ferdigening fan Grikelân. It ûnfermogen fan it Grykske rezjym om de Turkske ynterfinsje te foarsizzen en tefoarren te kommen hie de posysje fan 'e kolonels ferswakke. Sûnder de stipe fan 'e junta moast er op 23 july ôftrede en Glafkos Klerides folge him op. Makarios bleau noch fiif moannen yn Londen en nei't er der yn slagge om de ynternasjonale erkenning te krijen dat syn regear it rjochtmjittige regear wie fan it eilân, reizge er werom nei Syprus mei it doel om it grûngebiet fan Syprus wer te herstellen. Dat mislearre want Turkije bleau sa 38% fan it eilân besetten.

Grêf fan Makarios.

Op 3 augustus 1977 ferstoar Makarios troch in hertoanfal, nei't er earder al hertproblemen hie, mooglik as gefolch fan it smoken. Hy waard neffens syn winsken begroeven yn in tombe op 'e bech Throni, tichteby it Kykkoskleaster, dêr't er yn 1926 as novise begûn.

Syn begraffenis yn 'e Jehanneskatedraal yn Nikosia waard troch 182 hege funksjonarissen út 52 lannen bywenne, wylst likernôch 250.000 minsken by syn kiste lâns in lêste groet brochten.

Ta neitins oan 'e aartsbiskop stie by it aartsbiskoplike paleis in brûnzen byld, dat yn 2008 ferhûze nei it Kykkoskleaster en dêr doe ferfongen is troch in moarmeren byld fan Makarios.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: