1597
Appearance
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Jierren: | 1592 | 1593 | 1594 | 1595 | 1596 | 1597 | 1598 | 1599 | 1600 | 1601 | 1602 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1597 MDXCVII |
Ab urbe condita | 2350 |
Armeenske kalinder | 1046 ԹՎ ՌԽԶ |
Etiopyske kalinder | 1589 – 1590 |
Hebriuwske kalinder | 5357 – 5358 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1652 – 1653 |
- Shaka Samvat | 1519 – 1520 |
- Kali Yuga | 4698 – 4699 |
Iraanske kalinder | 975 – 976 |
Islamityske kalinder | 1005 – 1006 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 10 dgn. |
Sineeske kalinder | 4293 – 4294 癸申 – 甲酉 |
1597 is in gewoan jier dat begjint mei in woansdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1597.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 24 jannewaris - Willem Barents en syn mannen sjogge ûnder harren Oerwintering op Nova Sembla foar it earst yn twa moannen de sinne wer opkommen.
- 24 febrewaris - It Steatske leger ûnder Maurits fan Oranje-Nassau ferslacht de Spanjerts yn 'e Slach by Turnhout.
- 14 juny - De Admiraliteit fan Fryslân wurdt ferheft ta Generaliteitskolleezje.
- 28 septimber - De stêd Grol wurdt ynnommen troch it Steatske leger ûnder Maurits fan Oranje-Nassau.
- 9 oktober - Bredefoart jout him nei in belis fan acht dagen oer oan it Steatske leger.
- 18 oktober - Maurits fan Oranje-Nassau oermasteret de stêd Ynskedee, wêrnei't de fêstingswurken ôfbrutsen wurde.
- 21 oktober - Ootmarsum jout him oer oan it Steatske leger.
- 23 oktober - Maurits fan Oranje-Nassau nimt Oldenseal yn.
- 30 oktober - De oerlibbenen fan 'e Oerwintering op Nova Sembla arrivearje nei harren beproeving wer yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen.
- 13 novimber - Mei de ferovering fan Lingen beëiniget Maurits fan Oranje-Nassau syn fjildtocht yn Twinte en de Efterhoeke.
- sûnder datum - Bonn wurdt de haadstêd fan it Karfoarstedom Keulen.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 31 jannewaris - Jehannes Fransiskus Régis, Frânsk mûnts en folkspreker út 'e Kontrareformaasje († 1640)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 23 jannewaris - Suffridus Petrus, Frysk skiedskriuwer (* 1527)
- 2 juny - Diderik Sonoy, Nederlânsk fjildhear en geuzelieder (* 1529)
- 20 juny - Willem Barents, Skylger seefarder en ûntdekkingsreizger (* ±1550)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- toaniel
- Thomas Kyd? & William Shakespeare?, Edward III
- William Shakespeare, The Merry Wives of Windsor (oerset yn it Frysk as De Fleurige Wyfkes)
Byldzjende Keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Kristus yn 't hûs fan Maria en Martha (± 1597) Otto van Veen
Boukeunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Stedhûs Haarlim (1597) Lieven de Key
-
In den Rustwat, Rotterdam (1597)
Jierren: | 1592 | 1593 | 1594 | 1595 | 1596 | 1597 | 1598 | 1599 | 1600 | 1601 | 1602 |
Iuwen: | 11e | 12e | 13e | 14e | 15e | 16e iuw | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|