Springe nei ynhâld

Teloarstelling

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Teloarsteld)

Teloarstelling is in gemoedstastân dy't men ûnderfynt as der net foldien wurdt oan in beskaat ferwachtingspatroan. Ek as der gjin sprake is fan in ferwachting, mar wol fan hoop dy't sûnder basis blykt, kin teloarstelling it gefolch wêze. Teloarstelling is net wanlyk oan ûntefredenens, mar omfettet ek in elemint fan spyt of sels fan fertriet. It ferskil tusken spyt en teloarstelling is dat by spyt de fokus benammen leit op ien of mear persoanlike beslissings dy't laat hawwe ta in ûnwinske útkomst, wylst by teloarstelling de fokus frijwol útslutend op 'e útkomst leit. In antyklimaks is in koart duorjende, gau fergetten foarm fan teloarstelling.

Yn 'e measte gefallen kin men in gefoel fan teloarstelling maklik te boppe komme troch it besef dat de net útkommen ferwachting of hoop dochs net sa wichtich wie, of trochdat men in oare manear fynt om it winske doel dochs noch te berikken. By guon tsjinslaggen dy't wol tige wichtich binne, kin it gefoel fan teloarstelling langer oanhâlde en mank gean mei of liede ta frustraasje, depressiviteit of oarsoartige psychyske stress. Om't teloarstelling en spyt de beide primêre emoasjes binne dy't te krijen hawwe mei beslútfoarming, heart de bestudearring fan teloarstelling en de oarsaken en ynfloed dêrfan wittenskiplik sjoen ta it mêd fan 'e beslissingsanalyze.

De stam fan 'teloarstelling', "-loar-", kaam al foar yn it Aldfrysk. It wurd is besibbe oan it Aldingelske lyre, en komt ek foar yn it Fryske wurd "teloargean". Semantysk hat "-loar-" fan oarsprong de betsjutting fan "ferlies", wat ek in aspekt is fan 'e hjoeddeistige betsjutting fan 'teloarstelling': men ferliest jins ferwachting of jins hoop.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.