Sjoerd Evert Wendelaar Bonga
Appearance
(Trochferwiisd fan Sjoerd Bonga)
Sjoerd Evert Wendelaar Bonga (Dronryp, 24 jannewaris 1887 - Dokkum, 3 maart 1961) wie in Frysk ûnderwizer en fjildbiolooch.
Hy wie earst ûnderwizer yn Driezum en waard haad fan de skoalle yn Dokkum fan 1920-1947. Jierrenlang wie er foarsitter fan it Kristlik Frysk Selskip fan de Underrjochtliga. As fjildbiolooch wie er meiwurker oan de Nieuwe Dokkumer Courant. Bonga publisearre as lokaalhistoarikus oer Dokkum en omkriten. Boppedat wie er mei-oprjochter fan de Dokkumer Aldheidkeamer. Nei syn ferstjerren waard de S.E. Wendelaar Bonga Stifting oprjochte om syn neilittenskip te behearen.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk ûnderwiis eask fan moderne paedagogyk (1911)
- Folk neist folk (1916)
- Bûten út (1916)
- De foargonger: ynliedende tael- en lêslessen foar skoallebern út de hegere klassen (1927)
- Hwet de forline 25 jier ús leard hat (1933)
- De twatalige skoalle yn Fryslân (1933)
- Dêr't it glimket en suchtet (1934)
- Us tael: in rige lessen yn 'e Fryske tael foar de heechste klassen fen ús folksskoallen en foar private kursussen (1938)
- De Streek en Betterwird Oer Ealsum, âld en nij, Oer Eastrum, âld en nij (1942)
- Oer de Fryske folkskinst (1946)
- Ut it boargerlibben fan Dukkum om 1840 hinne (1952)
- Dokkum: by de kaerte fan J. Blaeu (1954)
- Losse grepen út de skiednis fan Dokkum (1955)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bonga, Sjoerd Evert Wendelaar. |