Calais
Appearance
(Trochferwiisd fan Kales)
Calais | ||
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Regio | Opper-Frankryk | |
Departemint | Pas-de-Calais (62) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ↓74.336 (2009) | |
Oerflak | 33,5 km² | |
Befolkingsticht. | 2.219 / km² | |
Hichte | 0-18 m |
Calais (histoarysk yn it Frysk Kalês of Kales) is in stêd yn Frankryk dy't leit oan de Opaalkust by it Kanaal, dêr't de ôfstân tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk op it koartst is (it Nau fan Calais). Der wenje om-ende-by 80.000 minsken.
By Calais, yn Sangatte begjint de Kanaaltunnel dy trochrint nei Dover yn Ingelân.
Eartiids makke Calais diel út fan it greefskip Arteesje. Troch de Ingelsken waard de stêd yn 1347 ferovere en wie oant en mei 1558 in Ingelske eksklave. Dêrnei kaam it yn besit fan de Frânsken. Fan de Spaanske Nederlannen út waard de stêd yn 1596 troch de Spanjerts ferovere en makke doe koart diel út fan de Nederlannen. De stêd waard yn 1598 by it ferdrach fan Fervins weromjûn oan Frankryk.
Berne yn Calais
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ford Madox Brown (1821-1893), Ingelsk keunstskilder, yllustrator en ûntwerper fan meubels en brânskildere glês (Prerafaeliten)
- Louis Daquin (1908-1980), akteur en filmregisseur
- Jean Jakus (1919 - 2008), dirigint Koar fan de Europeeske Mienskippen
- Djezon Boutoille (9 novimber 1975), fuotballer-
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- It ferrin fan it ynwennertal fan Calais sûnt 1962. Boarne: Frânsk buro foar de statistyk.
-
Stedhûs fan Calais en it byld De Boargers fan Calais fan Rodin
-
Teater fan Calais
-
Pier fan Calais