Fryske Frijheid
Skiednis fan Fryslân |
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
De Fryske Frijheid wie de útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen. Dy frijheid ûntjoech him oan 'e ein fan de 11e iuw mei de delgong fan it Greefskip Mid-Fryslân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske Frijheid komt foar it earst foar yn in samling rjochten, de saneamde 17 Kêsten en 24 Lânrjochten, dy't nei alle gedachten om 1080 hinne ûntstien binne. Ek wurdt it neamd yn de Magnuskêsten yn in ferfalske Karelsprivileezje dy't yn de trettjinde iuw skreaun waarden. Neffens dat dokumint wie it foar de Friezen yn de hege en lette midsiuwen wenstich om as yndifidu frij te wêzen en as maatskippij oan, mei útsûndering oan de kening, gjin inkelde regel ûntwurpen te wêzen. Yn ruil dêrfoar betellen de Friezen de kening in huslotha of konickuere en dus belesting foar de frijheid fan de kening. As fertsjintwurdigers fan de kening joegen se bûtenlânske greven, almeast de Hollânske greven of biskoppen fan Utert, allinnich it útoefenjen fan guon keninklike basisrjochten. Dêrbûten mochten se harren eigen hearskippij net útoefenje. De Fryske Frijheid wie net it resultaat fan in skinking dy't yn ien kear jûn waard, mar fan in stadige ûntwikkeling.[1]
It ûntstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de achtste iuw, nei it ferstjerren fan kening Redbad, waard it Fryske Ryk stadichoan part fan it Frankyske Ryk. Under de Karolingen wie harren ryk opdield yn lytse gebieten, wol goaen neamd, dy't bestjoerd waarden troch in hear. Foar it meastepart wienen dat greven, dy't harren, úteinlik, ferantwurdzje moasten foar in kening. By de Friezen wie dat op in beskaat stuit lykwols oars. Hja bestjoerden harsels, en de iennige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels. Der wie lykwols in laach fan boere-adel, de saneamde nobiles, mar dy wie sa breed dat net ien fan harren in bopperegionale betsjutting bemachtigje koene. Der ûntwikkele him gjin Frysk stamhartochdom, mar ynstee dêrfan ûntjoech him "in wiid ûnderwurpen federaasje fan frije minsken dy't net ta eigendom fan in oare hear hearden, dy't ûnder beskerming fan de kroan libben en allinnich oangeande militêre tsjinsten en tributen dêroan ferskuldige wiene".[2]
Nei't de Wytsingen om 800 hinne foar it earst yn Fryslân, dat ûnder Karolingyske hearskippij wie, oanfallen hiene, waarden de Friezen frijsteld fan militêre tsjinst yn bûtenlânske gebieten sa't se harren konsintrearje koene op it ferdigenjen tsjin de Wytsingen. Dy ferdigening fan it lân waard ek organisearre op basis fan de pleatslike befolking, sa't der gjin ferlet fan in beropskriichsmacht fan fazallen, dy't in soad grûn yn besit hiene, wie. Mei de oerwinning yn de Slach by Norden yn 884 waarden de Wytsingen lang om let út Fryslân wei ferdreaun. Harren driging wie lykwols fuort noch net oer.
Wylst yn de folgjende iuwen yn grutte parten fan Jeropa in hieltyd sterker hiërargyske hearskippij fan feodale hearen ûntstie, wjerstie Fryslân dy ûntwikkeling en bleau it frij fan de bûtenwrâld. Dy "frijheid" waard fertsjintwurdige troch de grytmannen yn Westerlauwersk en de redjeven yn Easterlauwersk Fryslân, "keazen" of selektearre fertsjintwurdigers fan de autonome plattelânsmienskippen út de klasse fan de grutboeren. Ynearsten wiene dy grytmannen/redjeven allinnich mar rjochters, de saneaamde asega, beneamd troch de lânshearen.[3]
De autonomy fan de plattelânsmienskippen bestjutte dat greven om utens, dy't troch de Karolingers oansteld waarden, gjin folsleine territoriale sûvereiniteit oer hiel Fryslân krije koene. Hja stjoerden wol fertsjintwurdigers dy't beskate taken útfiere moasten. Mar dat brocht de Fryske Frijheid fan de lâneigen boeren en eallju gjin skea ta. Fan de alfde iuw ôf ûntjoech it Fryske stribjen foar selsstannigens itjinge ta wapene konflikten mei greven om utens yn de alfde en tolfde iuw late. As gefolch dêrfan ûntstiene doe selsbestjoerende Fryske regionale mienskippen mei mear koöperative grûnwetlike struktueren.
Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Al is dúdlik dat dy frijheid op basis fan it Karelsprivileezje ek wier fêstlein is, al wurdt der no oannaam dat dat privileezje sels, as it bestien hat, in falsifikaasje west hat.
Oarsaken en gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dy frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens foar de lânshearen oer dat harren stadichoan ûntwikkele en op 'e ein fan de 11e iuw as gefolch fan de hieltyd weromkommende strideraasjes oer de greeflike rjochten.
De deaslach op greve Arnulf yn 993 liket it earste teken fan de Libertas fan de Friezen. Dy Fryske greve sneuvele doe't er besocht de opstannige lju fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve Hindrik de Fette yn 1101 wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de Fryske frijheid.
Dy Frijheid waard op 3 novimber 1248 troch de Roomske Kening Willem II oan de Friezen befêstige. Dat die er nei't er help krigen hie fan de Friezen by it belis fan de stêd Aken. Hy wie nammentlik tsjin-kening fan it Hillige Roomske Ryk, tsjin de kroande keizer Freark II. Yn 1417 waard de Fryske Frijheid op 'e nij befêstige, mar ditkear troch in foarst sûnder tsjinfoarst, keizer Sigismund, dy't Fryslân ta "ryksûnmidlik" gebiet ferkleare. Foar dy befêstigings fan de Fryske Frijheid oer stiet lykwols dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, lykas yn de 14e iuw Loadewyk IV oan de greven fan Hollân.
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde Karelsprivileezje dat Karel de Grutte oan Magnus Forteman jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmitsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan Almenum, Ferwâlde of Aldeboarn. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de Magnusfane. In oare feklearring is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stedsbrannen fan de 15e iuw ferbaarnd is.
Nettsjinsteande dat kin fêststeld wurde dat it Fryske gebiet mei ynbegryp fan De Ommelannen, East-Fryslân en it Lân Woersten fan de 10e iuw ôf oant it begjin fan de 16e iuw in folslein eigen ûntwikkeling trochmakke hat, dêr't de feodale struktuer sa as dy troch Karel de Grutte ûntwurpen wie likernôch folslein ûntbruts.
In oare ferklearring wurdt jûn troch B.H. Slicher van Bath. Troch him wurdt der op wiisd dat yn Fryslân lykwols greven west hawwe, mar dat dy harren net ta lânhear ûntwikkelje koene omdat de twadde pylder fan it feodalisme, de ûnderhearrigens hjir net bestie. Oars as yn grutte dielen fan Jeropa it gefal wie, wie yn midsiuwsk Fryslân altiten in jildekonomy bestean bleaun. De Fryske boeren beöefenen fral it fokjen fan fee en kombinearren dat de iuwen troch mei hannel. Ferplichtings dy't yn oare gewesten betelle waard yn natuera, koenen troch de Friezen mei jild ôfkocht wurde. De greve koe syn taak as rjochter noch wol lange tiid útoefenje, mar it ûntbrekken fan in lokale machtsbasis hat lang om let syn ein yn Fryslân betsjut.
Bloeitiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op syn hichtepunt om 1300 hinne omfieme it Ryk fan de Frije Fryske Lannen 27 lângemeenten tusken it Fly oant it Lân Woersten noardlik fan it hjoeddeistige Bremerhaven. De lângemeenten foegen harren gear ta de Sân Seelannen. Harren ôffurdigen kamen nei Pinkstermoandei gear by de Upstalbeam yn Rahe by Auwerk, in moetingsplak op in heuvel. Twa fertsjintwurdigers, keazen troch eltse lângemeente, treden op as rjochters fan de Seelannen. Oannommen wurdt dat dy rjochters út foaroansteande famyljes kamen, om't it aktyf en passyf rjocht ferbûn wie oan lâneigendom. Dat bestjutte dat, hoewol't de besluten hieltyd troch twa ôffurdigen dien waarden, de gearkomste yn de Upstalbeam út it folsleine selskip fan rjochters bestie en dêrtroch wie de Upstalbeam net in moetingsplak fan alle "frije Friezen", mar in plak dêr't ynfloedrike leden fan de lângemeenten byinoar kamen.
"De stamme is frij nei de bûtenwrâld en oan net ien inkelde hear om utens ûnderwurpen. Foar frijheid geane se har dea temjitte en kieze se leaver foar de dea as ûnder it jok fan de slavernij te bedarjen. Dêrom hawwe se militêre weardigens opheft en steane se it net ta dat guon ûnder harren harsels oertreffe mei in militêre rang. Hja binne lykwols ûnderwurpen oan magistraten dy't elts jier út harren midden kieze en dy't e steatsaken ûnder harren oarderje en regelje...."
Oardiel fan de Ingelske fransiskaan Bartholomaeus Anglicus om 1240 hinne
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsiuwen noch net dúdlik fan inoar skaat wienen, in gemis. Om dat gat op te foljen waard besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferskate omkriten kamen dêrfoar ôffurdigers geregeldewei byinoar by de Upstalbeam by Auwerk. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd Grins.
Neist de regelings fan de Upstalbeam waard ek besocht werom te gripen op "âld" rjocht lykas dat fêstlein wie yn de 17 Kêsten en 24 Lânrjochten. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhâld fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierrichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûntbrutsen de middels om him dêrta te twingen.
In oar gefolch fan it ûntbrekken fan in direkt gesach wienen dat de partijstriid, de tsierderijen lykas tusken Skieringers en Fetkeapers, him yn Fryslân yn de laach fan de bestjoerders ôfspile, de haadlingen, yn stee fan yn it laach fan hearskers. De tsierderijen waarden dêrtroch yn Fryslân persoanliker, wat ek gearhong mei it rjocht op bloedwraak dat bestean bleaun is oant de Saksyske tiid.
De Fryske Frijheid gou ynearsten benammen yn Easterlauwersk Fryslân. De Upstalbeam wie dêr dus ek fêstige en begûn as in gearkomsteplak fan pleatslike rjochters. It woeks stadichoan út ta in grutter hiel. Westerlauwersk Fryslân wie ynearsten ûnder de greven fan de Brunoanen, mar nei de moard op greve Hindrik de Fette wie harren rol útspile. Dêrnei krigen de Hollânske greve en de Utertske biskop, dy't beide oanspraken makken op it gebiet, it kondominium oer Westerlauwersk, mar dat stelde net folle foar. Greve Willem IV fan Hollân, Seelân en Henegouwen woe syn macht fergrutsje en stuts op 25 septimber 1345 mei in leger Hollânske, Flaamske en Frânske soldaten de Sudersee oer. Hy waard by Starum troch in leger Friezen ferpletterjend ferslein en dat barren stie letter bekend as de Slach by Warns. Dêrnei bleau de Fryske Frijheid noch goed 150 jier bestean.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de rin fan de fjirtjinde iuw foel de grûnwet fan de grytmannen/redjeven útinoar en oare foarfallen lykas it útbrekken fan de pest en grutte stoarmfloeden destabilisearren de sitewaasje fierder. Guon ynfloedrike famyljes profitearren fan dy sitewaasje en krëearren in hearskipsysteem dêr't hja as haadlingen de macht min of mear oer grutte gebieten yn oernamen. Dêrby stelden se lykwols gjin feodaal systeem yn lykas yn de rest fan Jeropa, mar in systeem fan trou dat op âldere foarmen fan hearskippij yn Germaanske kultueren yn it noarden like, dêr't de ynwenners fan respektyflike machtsgebieten op ferskate manieren skatplichtich yn waarden oan de haadling, mar fierder harren frijheid holden en har ek earne oars fêstigje koene.
Doe't de Roomsk-dútske kening en lettere keizer Maksimiliaan I yn 1498 hartoch Albrecht fan Saksen it hiele Fryske lân, mei Dithmarschen ynbegrepen, skonk yn ruil foar in liening fan 300.000 gûne, waard dúdlik dat der in ein komme soe oan de Fryske Frijheid. Mei it oermasterjen fan Fryske gebieten troch hearskers om utens of harren transformaasje ta feodale steaten, begûn foar de Friezen in tiidrek fan politike fersnipeling en ôfhinklikens.
East-Fryslân waard yn 1464 troch keizer Freark III ferheft ta in ryksûnmidlik greefskip ûnder de Sirksena's. Fan 1498 ôf besocht Albrecht fan Saksen Fryslân westlik fan de Iems, mei de stêd Grins ynbegrepen, te ûnderwerpen. Nei it belis fan Grins yn 1500 waard Albrecht siik en waard er nei Emden ta ferfierd, dêr't er ferstoar. Syn soan Joaris mei it Burd naam al fluch de macht oer, mar de gewesten fan Westerlauwersk Fryslân en de Ommelannen bleaune harren fersetten. Yn 1515 ferkocht Joaris út frustraasje dy gewesten oan Karel fan Kastylje, de lettere keizer Karel V en pakesizzer fan Maksimiliaan I. Grins besocht syn frijheid te hâlden troch de help fan de Eastfryske greve Edzard fan Sirksena yn te roppen, mar doe't de keizer him bedrige yn e ban te dwaan, loek er him werom. Dêrnei socht de stêd help by hartoch Karel fan Gelre. Dat barren wie part fan de Saksyske Skeel. Joaris fan Saksen liet in leger hierlingen efter yn Fryslân, de Swarte Heap, dy't plonderjend troch it lân hinne luts. Frijheidstrider Pier Gerlofs Donia, ek wol Grutte Pier neamd, bestride harren en mei help fan Karel fan Gelre koe er harren út Fryslân wei jeie. Karel fan Gelre wie lykwols fan doel om sels de macht yn Fryslân te pakken en Pier luts him teloarstellend werom yn Snits dêr't er yn 1520 ferstoar. Westerlauwersk Fryslân foel yn 1523 yn hannen fan Karel V ûnder lieding fan steedhâlder Georg Schenk fan Toutenburch en de hearlikheid Fryslân waard oprjochte. Yn 1536 moasten Grins en de Ommelannen him ek erkenne.
Yn Wesermarsch waard it ferset fan de Bûtjadinger en Stadlander Friezen yn 1514 brutsen yn de Slach by Hartwarden troch greve Jehan V fan Aldenburch en de hartoggen Hindrik V fan Breunswyk, Hindrik I fan Breunswyk-Lüneburg en Erik I fan Breunswyk-Calenberg-Göttingen.[4] Yn it Lân Woersten naam de aartsbiskop fan Bremen yn 1525 nei de Slach by it Wremer Djip de hearskippij oer.[5]
Spesifike Fryske gebrûken en gewoanten bleaune iuwenlang bewarre yn de pleatslike en regionale rjochtsystemne fan de gebieten dy't troch de Friezen bewenne waarden.
Neibeskôging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerd Steinwascher, earder haad fan it Aldenburchsk steatsargyf, betwivelet dêroer as de ein fan de Fryske Frijheid yn de troch de greven fan Aldenburch, en ek troch de Habsburgers, oermastere Fryske gebieten bliuwende skea jûn hie oan de Fryske bewenners. De Fryske Frijheid wie neffens him in "myte" safier't dat "in pear rike boerefamyljes gjin aadlike hear oer harren tastean litte te hoegen en dêrom sels as lytse eallju gedrage koene. [...] De measten wiene net minder ôf ûnder de Aldenburgers (en Habsburgers)."[6]
Hjoeddeiske betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif iuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de Friezen as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- M.P. van Buijtenen, De grondslag van de Friese vrijheid, Assen 1953
- Karl-Ernst Behre en Hajo van Lengen (red.), Ostfriesland. Geschichte und Gestalt einer Kulturlandschaft. Ostfriesische Landschaft, Auwerk 1995, ISBN 3-925365-85-0
- Volker Gabriel, Rechts- und Gerichtswesen im Lande Wursten vom Ausgang des Mittelalters bis ins 17. Jahrhundert, diss., Hamburch 2004
- Harry Kunz, Fiete Pingel & Thomas Steensen (red.), Die "freien Friesen". Geschichte und Perspektiven der Selbstverwaltung in den Frieslanden, Bräist/Bredstedt 2013 (ynhâlt)
- Hajo van Lengen, Die Friesische Freiheit des Mittelalters – Leben und Legende, Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2003, ISBN 3-932206-30-4.
- Monika van Lengen, Eala frya Fresena. Die friesische Freiheit im Mittelalter, Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2003, ISBN 3-932206-33-9.
- Hans Mol en Justine Smithuis, 'De Friezen als uitverkoren volk. Religieus-patriottische geschiedschrijving in vijftiende-eeuws Friesland', yn: Jaarboek voor Middeleeuwse Geschiedenis 11 (2008), s. 174-204
- Fiete Pingel & Thomas Steensen, '"Auf freiem Grund mit freiem Volke stehn". Die nordfriesische Geschichte als Gegenstand von Mythen', yn: Bea Lundt (red.), Nordlichter. Geschichtsbewußtsein und Geschichtsmythen nördlich der Elbe, Keulen 2004, s. 299–319
- Fiete Pingel (red.), Die "friesische Freiheit". Überlieferung und Geschichte (Nordfriesisch in der Schule), Nordfriisk Instituut, Bräist/Bredstedt 2013
- Carsten Roll, 'Vom "asega" zum "redjeven". Zur Verfassungsgeschichte Frieslands im Mittelalter', yn: Concilium Medii Aevi 13 (2010), s. 187–221
- Heinrich Schmidt, Politische Geschichte Ostfrieslands. Rautenberg u. a., Lier 1975 (= Ostfriesland im Schutze des Deiches, dl. 5)
- Heinrich Schmidt, Ostfriesland und Oldenburg. Gesammelte Beiträge zur norddeutschen Landesgeschichte, Ostfriesische Landschaft, Auwerk 2008, ISBN 978-3-940601-04-9
- B.H. Slicher van Bath, 'Problemen rond de Friese middeleeuwsche geschiedenis', yn: Des., Herschreven historie. Schetsen en studiën op het gebied der middeleeuwse geschiedenis, Leden 1949, herdr. Arnhim 1978, s. 259-281
- Thomas Steensen (red.), Die friesische Freiheit, Bredstedt/Bräist 1990
- Thomas Steensen, 'Freiheit', yn: Harry Kunz & Fiete Pingel (red.), Heimat Nordfriesland. Ein Kanon friesischer Kultur, Bräist/Bredsteddt 2011, s. 136-145
- Oebele Vries, Het Heilige Roomse Rijk en de Friese Vrijheid, Ljouwert 1986
- Oebele Vries, '"Frisonica libertas": Frisian Freedom as an Instance of Medieval Liberty', yn: Journal of Medieval History 41 (2015), s. 229–248
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|