19 juny
datum
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder | ||||||||
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 juny | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 |
<< | Juny | >> | ||||
mo | ti | wo | to | fr | so | si |
1 | 2 | |||||
3 | 4 | 5 | 6 | 7 | 8 | 9 |
10 | 11 | 12 | 13 | 14 | 15 | 16 |
17 | 18 | 19 | 20 | 21 | 22 | 23 |
24 | 25 | 26 | 27 | 28 | 29 | 30 |
2024 |
19 juny is de 170e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 171e). Der folgje noch 195 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
Foarfallen
bewurkje seksje- 240 f.Kr. - De Aldgrykske wiskundige Eratostenes berekkenet de omtrek fan 'e Ierde.
- 1369 - Filips de Stoute, hartoch fan Boergonje, boasket oan Margareta fan Male, de iennichste erfgenamte fan Loadewyk fan Male, de greve fan Flaanderen.
- 1767 - De boer en herbergier Jean Chastel sjit it Bist fan Gévaudan dea, dat súdlik-sintraal Frankryk trije jier lang terrorisearre en mear as hûndert minsken de dea ynjage hat.
- 1850 - Yn 'e Sweedske haadstêd Stokholm wurdt it houlik sletten tusken kroanprins Karel fan Sweden en prinsesse Louise fan Oranje-Nassau.
- 1961 - It Britske protektoraat Koeweit wurdt ûnôfhinklik.
- 1964 - De fuotbalklub SK Cambuur Ljouwert wurdt oprjochte.
- 2000 - De Britske dûane fynt yn Dover de lichems fan 58 yllegale Sinezen yn in Nederlânske frachtwein.
- 2001 - De Nederlânsktalige Wikipedy giet los.
Berne
bewurkje seksje- 1566 - kening Jakobus I fan Ingelân († 1625)
- 1623 - Blaise Pascal, Frânsk wiskundige († 1662)
- 1811 - Jacob Dirks, jurist, politikus en Frysk foaroanman († 1892)
- 1869 - Samuel Azarja Rudelsheim, opperrabbyn fan Fryslân († 1918)
- 1892 - Hendrik van Houten, ûnderwizer, sjoernalist, politikus en Frysk beweger († 1952)
- 1919 - Pauline Kael, Amerikaansk filmkritika († 2001)
- 1924 - Sybren Polet, Nederlânsk dichter († 2015)
- 1925 - Carol W. Voges, Nederlânsk yllustrator en skriuwer († 2001)
- 1942 - Aage Meinesz (Aage M.), Nederlânsk bankrôver († 1985)
- 1942 - Mûammar al-Kadaffi, presidint fan Lybje († 2011)
- 1947 - Salman Rushdie, Ingelsk skriuwer
- 1950 - Gryt van Duinen, Frysk sjoernaliste, programmamakster en politika († 2023)
- 1962 - Peter Bradshaw, Ingelsk filmkritikus
- 1968 - Chantilly Lace, Amerikaansk pornoaktrise († 2008)
- 1985 - Carmel Moore, Ingelsk pornoaktrise
- 1986 - Sjoerd Huisman, Nederlânsk maratonrider († 2013)
- 1987 - Crista Moore, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn
bewurkje seksje- 1838 - Binnert Tinga, Frysk tekenmaster en keunstskilder (* 1785)
- 1867 - keizer Maksimiliaan fan Meksiko (* 1832)
- 1934 - prins Bernard fan Lippe, Dútsk ealman en heit fan Bernhard fan Lippe-Biesterfeld (* 1872)
- 1937 - J.M. Barrie, Skotsk skriuwer (* 1860)
- 1954 - Sjouke de Zee, Frysk skriuwer en propagandist (* 1892)
- 1976 - Egbert Reitsma, Nederlânsk arsjitekt (* 1892)
- 2011 - Hannes Weiss, Nederlânsk Roma-lieder (* 1928)
- 2016 - Anna Amore, Amerikaansk pornoaktrise (* 1967)
- 2024 - Jan Cremer, Nederlânsk skriuwer en keunstner (* 1940)
12 | 13 | 14 | 15 | 16 | 17 | 18 | 19 juny | 20 | 21 | 22 | 23 | 24 | 25 | 26 | ||
Werom— | healjier | fearnsjier | moanne | Alle dagen | moanne | fearnsjier | healjier | —Fierder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|