Ynformatika
Yn de meast generale sin is ynformatika de stúdzje fan kompjûterisaasje en ynformaasjeferwurking, sawol wat de apparatuer (hardware) as de programmatuer (software) oanbelanget. Yn de praktyk omfiemet ynformatika in grut ferskaat oan stúdzjefjilden dy't bining hawwe mei kompjûters.
- 'Ynformatika giet like folle oer kompjûters as astronomy oer teleskopen' - Edsger Wybe Dijkstra.
De ynformatica bestudearret wat programma's wol en net kinne, keunstmjittige yntelliginsje, hoe't programma's it effisjintste in spesifike taak útfiere kinne, hoe't programma's ynformaasje opslaan en wer ophelje kinne en hoe't programma's har mei brûkers en oare programma's ûnderhâlde (brûkers ynteraksje en programmeartalen).
De earste universiteit mei in fakulteit Ynformatika wie yn 1962 de Purdue University.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Computer science fan Wikimedia Commons. |