Noordhoff Uitgevers

(Trochferwiisd fan Wolters-Noordhoff)

Noordhoff Uitgevers (foarhinne Wolters-Noordhoff) is in Nederlânske edukative útjouwerij, spesjalisearre yn learmiddels en multimediale learoplossings foar it ûnderwiis, foar de learende wurknimmer en foar thús.

logo Noordhoff

Foar it ûnderwiis ûntwikkelt Noordhoff Uitgevers drukte en digitale learmiddels foar learlingen, studinten en dosinten. De organisaasje is aktyf yn de merksegminten basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, beropsûnderwiis en folwoeksenenedukaasje en heger ûnderwiis.

Sûnt 31 maart 2008 is nei 172 jier de namme Wolters ferdwûn. Noordhoff Uitgevers, by it grutte publyk benammen kekend troch De Grutte Bosatlas en De Bosatlas van Fryslân, hat neist grutte merken yn it ûnderwiis as Moderne Wiskunde, Taal op Maat en Verhage’s Grondslagen van de Marketing ek bekende útjeften foar thús yn har fûns, lykas de Lijsters, Loco en de populêre AmbraSoft software.

It bedriuw sit yn Grins en Houten en telt ûngefear 425 meiwurkers. Noordhoff Utjouwers is ûnderdiel fan in groep Europeeske edukative útjouwerijen, infinitas learning.

Keppeling om utens

bewurkje seksje