Wytgaard
| |||||
Gemeente | Ljouwert | ||||
Ynwennertal (2022) | 585 | ||||
Webstee | Webstee Doarpsbelang |
Wytgaard is in doarp dat yn de gemeente Ljouwert leit. Wytgaard leit noardlik fan Reduzum, eastlik fan Weidum, súdwestlik fan Wurdum en besuden Ljouwert. Yn 2022 hie Wytgaard 585 ynwenners. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Buorren, Púndyk en Fopma’s Reed.
Wytgaard is sûnt 1956 in selsstannich doarp, foar 1956 hearde Wytgaard as buorskip by Wurdum.
Skiednis
bewurkje seksjeOan de eardere Middelseedyk, no de Bredyk, stie earder de stins Grut Oenema, dy't ek wol Camminghastate neamd waard. Mear súdlik stie Ald- of Lyts Oenemastate.
Oan de Púndyk nei Wurdum stie nei 1719 in skûltsjerke, wêrfan hynstekeapman Doeke Jans (Roorda) de earste stien lein hat. Yn 1833 liet Reinier baron fan Middachtenis hjir in koepel opsette. Dat wie de earste roomske klok nei de Reformaasje.
De monumintale Cuyperstsjerke wie fan 1872 en is yn 1966 ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou.
Sûnt 1943 leit Wytgaard yn de gemeente Ljouwert, dêrfoar lei it doarp yn Ljouwerteradiel (sudertrimdiel).
Fan buorskip nei doarp
bewurkje seksjeWytgaard wie oant 1956 in roomsk buorskip fan it protestantske Wurdum. It wurdt der no fan skieden troch de A32 en it spoar fan Swol nei Ljouwert. It krige syn hjoeddeiske grinzen op 1 jannewaris 1957 nei noch wat oanpassings fan de skieding. It nije doarp hie yn 1958 621 ynwenners.
Doarpswapen
bewurkje seksjeOp it wapen stiet in rivierke, en tsjut it eardere haventsje oan de Middelsee oan. De earnekop komt fan de famyljewapens fan Feytsma, Jeltinga en Sytzama dy't in soad oansjen hiene. De kaam komt út de wapens fan de geslachten Cammingha en Camstra, dy't ek op states yn it doarp wennen. De spikers binne ûntliend oan it krús fan Kristus, omt yn Wytgaard in dokumintaasjesintrum foar roomsk Fryslân sit.
Jabikspaad
bewurkje seksjeWytgaard leit oan de eastlike fytsrûte fan it Jabikspaad.
Mienskip
bewurkje seksjeYn doarpshûs De Twirre komt ek de feriening foar Doarpsbelang gear. Ek de aktiviteitenkommisje hjit De Twirre.It doarp hat trije buertferienings: De Finne, Fopma's Reed en Meekeshof-East. De merkekommisje regelt de merke op freed en sneon fan wike 33. Basisskoalle Teake Jan Roordaskoalle stiet oan de Tjissema.
Ferienings
bewurkje seksje- De Middelseesjongers - shantykoar
- Mei Elkoar Nij Libben Wurdum/Wytgaard - keatsen
- Fuotbalferiening WWS
- Lyts Mar Krigel - toaniel
- Pier Thomas - iisklup
- VVW - follybal
- Oant No ta - fuotbal en darten
Tsjerke
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeBekende (âld-)Wytgaarders
bewurkje seksje- Jan Arendz (* 26 febrewaris 1952) en Marijke Geertsma - Fryske akteurs
- Berber van der Geest (* 19 febrewaris 1938) - Frysk dichteresse en skriuwster
- Rein Jonker (* 10 septimber 1950) - Frysk hurdrider - twadde Alvestêdetocht 1986
- Andries Miedema (* 19 april 1937) - Frysk dichter
- Syb van der Ploeg (* 15 juny 1966) - Frysk sjonger, komponist en tekstskriuwer
- Bauke Roolvink (1912-1979), politikus en minister
- Rinke Tolman (* 25 maaie 1891 - 12 maart 1983) - Frysk fjildbiolooch, skriuwer fan natuerboeken, sjoernalist en dichter
- Jaring Walta (Blauhûs, 12 maart 1887 - Wytgaard, 19 novimber 1971) - Frysk keunstskilder
- Syds Wiersma (* 21 jannewaris 1963) - Frysk dichter
Strjitten
bewurkje seksjeArnold Cathstrjitte, Bredyk, Buorren, De Finne, Fopma's Reed, Hegedyk, It Kleaster, Lapedyk, Meekeshof, Noardein, Púndyk, Tjissema, Weidumerdyk, Weiwiskedyk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |