Tony Joe White (Oak Grove, Louisiana, 23 july 1943 - Franklin (Tennessee), 24 oktober 2018) wie in Amerikaanske sjonger, lietsjesskriuwer en gitarist dy't it meast ferneamd waard fan syn hits út 1969 Polk Salad Annie en Rainy Night in Georgia. Hy wie de skriuwer fan "Steamy Windows", in hit foar Tina Turner yn 1989. "Polk Salad Annie" waard ek opnaam troch Elvis Presley en Tom Jones. White waard wurdearre fanwege syn typyske lege stimlûd. Hy wie in fertsjintwurdiger fan de saneamde Swamp Music ('Sompemuzyk'). White hie in eigen muzyklabel: Swamp Records.

Tony Joe White
sjonger en/of muzikant
Tony Joe White op it Jazzaldia Festival yn San Sebastián, 2005
Tony Joe White op it Jazzaldia Festival yn San Sebastián, 2005
persoanlike bysûnderheden
berne 23 july 1943
berteplak Oak Grove
stoarn 24 oktober 2018 (75 jier)
stjerplak Franklin (Tennessee)
wurkpaad
sjenre Swamp Music
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Gitaar, harmonika
grutste hit(s) Polk Salad Annie, Rainy Night in Georgia en yn Nederlân Groupy girl.
jierren aktyf 1967–2018
offisjele webside
www.tonyjoewhite.com
Tony Joe White

Tony Joe White wie de jongste fan sân bern en libbe op in katoenplantaazje yn Oak Grove, Louisiana yn syn bernejierren. Syn earste optredens wiene by skoalfeesten en nei 't er klear wie mei de High school spile er yn nachtklups yn Texas en Louisiana. Yn 1968 ferhuze er nei Nashville.

White syn earste album, Black And White, waard opnaam mei David Briggs, Norbert Putnam en Jerry Carrigan; op dat album stiet it wrâldferneamde nûmer Polk Salad Annie en de cover Wichita Lineman fan Jimmy Webb. Soul Francisco wurdt in hit yn Frankryk. Ein septimber 1973 waard White troch produsint Huey P. Meaux frege om mei te dwaan oan de Memphis sessys (dy't trije dagen duorre) en sa ûntstie it ferneamde album Southern Roots fan Jerry Lee Lewis. Carl Perkins, Mark Lindsay (dy fan Paul Revere and the Raiders, Wayne Jackson en de Memphis Horns dienen ek mei oan de sessys, lykas ek Booker T. & the M.G.'s nei trije jier wer mei-inoar spilen.

Yn de jierren 70 en 80 toerde White mei Creedence Clearwater Revival en James Taylor. Yn Jeropa waard White bekend troch syn livedebút op it Isle of Wight Festival yn Ingelân dêr't ek in Jimi Hendrix optrede. Neidat White yn 1991 de cd Closer to the Truth makke hie, toerde er yn de mande mei Eric Clapton en Joe Cocker. Yn 1993 kaam it album Path Of A Decent Groove út en yn 1995 Lake Placid Blues. De lêste cd krige twa nominaasjes foar "Best R & B Album" by de Nashville Music Awards.

1999 gie White werom nei syn woartels en makke yn Louisiana One Hot July. De cd waard wer goed ferkocht. In toernee troch Austraalje en Jeropa folge. Yn 2008 spile White, hy wie doe 65 jier, yn wer in Europeeske toernee, yn Paradiso yn Amsterdam en die ek mei oan in cd fan Susan Tedeschi.

Tony Joe White stoar yn de âldens fan 75 jier oan in hertoanfal yn Leiper's Fork krekt bûten Franklin, Tennessee.

  • 1968 - Black and White (Monument #18114)
  • 1969 - Continued (Monument #18133)
  • 1970 - Tony Joe (Monument #18142)
  • 1971 - Tony Joe White (Warner Brothers #1900)
  • 1972 - The Train I'm On (Warner Brothers #2580)
  • 1973 - Homemade Ice Cream (Warner Brothers #92274)
  • 1973 - Catch My Soul - filmsoundtrack
  • 1975 - The Best of Tony Joe White (Warner Brothers)
  • 1976 - Eyes (20th Century)
  • 1980 - The Real Thang (Casablanca)
  • 1983 - Dangerous (Columbia)
  • 1991 - Closer to the Truth (Remark/Polydor #LC 0309 / 511 386-2)
  • 1993 - The Path of a Decent Groove (Remark/Polydor #LC 6298 / 519 938-2)
  • 1993 - The Best of Tony Joe White (Warner Brothers)
  • 1995 - Lake Placid Blues (Remark/Polydor #LC 6298 / 527 530-2)
  • 1997 - Collection (RDM #D31737 - Australian) Sammelalbum fan wurk '91 -'95.
  • 1998 - Tony Joe White Live in Europe 1971 (WeeBuy #885972)
  • 1998 - One Hot July (Mercury - no #)
  • 2000 - Tony Joe White In Concert (Brilliant BT 33053)
  • 2001 - The Beginning (Swamp Records, no #)
  • 2003 - Snakey (Munich Records, no # & Dock Records)
  • 2003 - Dangerous Eyes (Reissue of '76's Eyes & '83's Dangerous) (Raven RVCD-159 - Austraalje)
  • 2004 - The Heroines (Sanctuary Records, #06076-88366-2)
  • 2005 - Hard to Handle (Live) (Fruit Tree Italy ASIN: B00070HA10)
  • 2006 - Live from Austin, Texas (New West #NW6092)
  • 2006 - Uncovered (Swamp Records, No #)
  • 2006 - Swamp Music: The Complete Monument Recordings (Rhino Handmade #RHM2 7731)
  • 2008 - Deep Cuts (Swamp Records, No #)
  • 2010 - The Shine (Swamp Records)
  • 2010 - That On The Road Look "Live" (Rhino Handmade)
  • 2010 - Live in Amsterdam [CD/DVD]
  • 2013 - Hoodoo
  • 2016 - Rain Crow
  • 2016 - Tony Joe White Live & Kickin'
  • 2018 - Bad Mouthin’
  • 2021 - Smoke from the Chimney (Easy Eye Sound)

Keppeling om utens

bewurkje seksje