Eastfryslân

Geografy

Eastfryslân is in regio yn it noardwesten fan de Dútske dielsteat Nedersaksen. By de regio hearre de Eastfryske eilannen dy't foar de Eastfryske kust lizze en troch de Waadsee skieden wurde fan de fêstewâl. Krekt as yn de oare Fryslannen wurdt it lân tsjin de see beskerme troch seediken. De sompen, geasten en fean bepale it lânskip op it fêstelân, op de eilannen de dunen. De bestjoerlike distrikten (Landkreisen) Auwerk, Lear, Wittmund en de stêd Emden (Kreisfreie Stadt) binne ûnderdiel fan Eastfryslân.

Stêden
Lear - Emden - Auerk - Wittmund - Noarden - Esens

Eilannen en sânplaten
Boarkum - Júst - Nordeneach - Baltrum - Langerëach - Spikereach - Lütje Hörn - Kachelotplate - Memmert - Alte Mellum

Wetter
Dollard - Noardsee - Waadsee - Iems - Leda

Kriten
Brookmerlân - Harlingerlân - Norderlân - Reiderlân

Skiednis

Weromkommende tema's yn de skiednis fan Eastfryslân binne de striid tsjin it wetter en de Fryske frijheid. As begjin fan de bestjoerlike skiednis kin de beneaming fan Ulrich Sirksena ta greve fan Eastfryslân yn it jier 1464 sjoen wurde. Nei 1744 hearde Eastfryslân (gronologysk) by Prusen, it Keninkryk Hollân, Frankryk, it Keninkryk Hannover en wer by Prusen. Sûnt 1946 is de regio ûnderdiel fan de dielsteat Nedersaksen. Mei it weiwurden fan it bestjoerlike distrikt Auwerk (Regierungsbezirks Aurich) yn it 1978 kaam der in ein oan Eastfryslân as bestjoerlike ienheid.

Midsiuwen
Fryske Ryk - Fryske frijheid - Brookmerbrief - Haadling - Kleaster Ihlow - Upstalbeam - Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen - East-Fryske befrijingskrigen - tom Brok - Fokko Ukena

Iermoderne tiid en moderne tiid
Greefskip Eastfryslân - Sirksena - Slach by Jemmingen - Departemint East-Fryslân

Listen
Tiidline fan de Fryske skiednis - List fan hearskers yn Eastfryslân

Mienskip

Yn de regio binne ferskate iuwenâlde bouwurken te sjen lykas states, stinzen en tsjerken. As lêste oerbliuwsel fan de bestjoerlike ienheid Eastfryslân is de Ostfriesische Landschaft yn Auwerk oerbleaun, in autonoom kultureel parlemint.

Taal
Eastfrysk - Iemsfrysk - Eastfrysk (Nederdútsk) - Dútsk

Kulturele organisaasjes
Friesisches Forum

Ferneamde Eastfriezen

Moin en tige wolkom!

Eastfryslân is in gebiet yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen. It gebiet komt rûchwei oerien mei it histoaryske Greefskip Eastfryslân. Yn de rin fan de tiid hat Eastfryslân syn bestjoerlike selsstannigens ferlern. De regio bestiet hjoed-de-dei út fjouwer bestjoerlike ienheden, it wurkgebiet fan de Ostfriesische Landschaft. Eastfryslân is in gebiet dat ûnderdiel is fan de gruttere regio East-Fryslân (mei keppelstreekje).

Kategoryen

De Fryske Wikipedya hat 344 siden oer de gruttere regio East-Fryslân (mei keppelstreekje). Hjirûnder folget it oersjoch Kategory:East-Fryslân, dêr't de lytsere regio Eastfryslân in ûnderdiel fan is:

Sjoch ek

Commons Commons: Ostfriesland – foto, fideo en harktriemmen