In skûlnamme, soms ek wol oantsjut as in artystenamme, is in namme dy't troch in skriuwer of keunstner brûkt wurdt om de makker fan it wurk mei oan te tsjutten. Synonym is it wurd pseudonym, fan it Ald-Grykske ψευδος ("pseudos") = leugen, en ὀνομα ("onoma") = namme). In artistenamme en in skriuwersnamme binne foarmen fan in skûlnamme. Foar in skriuwersnamme wurdt soms noch de Frânske útdrukking nom de plume brûkt.

 
Mary Ann Evans, bekend ûnder de skûlnamme George Eliot
 
George Sand as jongfaam. Foto Nadar

Keppeling om utens

bewurkje seksje