Sijas Paulus Akkerman

Sijas Paulus Akkerman (Aldeboarn, 23 jannewaris 1903 - dêre, 24 oktober 1981) wie in winkelman en skriuwer fan romans, meast yn it Nederlânsk.

Sijas Paulus Akkerman
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sijas Paulus Akkerman
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 23 jannewaris 1903
berteplak Aldeboarn
stoarn 24 oktober 1981
stjerplak Aldeboarn
etnisiteit Frysk
wurk
taal Nederlânsk

Akkerman troude op 7 maaie 1936 mei Margaretha Adriana Paulusma fan Boarnburgum.

Syn heit Otte Sijes Akkerman wie in ferneamd folksdichter yn kristlik fermidden en syn jongere broer Paulus Akkerman wie in bekend skriuwer. Sijas Paulus Akkerman debutearre mei 'In swalker komt thús' by de KFFB yn 1936 en soe fierder noch gâns in rige Nederlânsktalige romans publisearje.

  • Blinkende staven
  • Breekbare waar
  • De kunstenaar
  • De lange reis van Jilderd Hoeneveld- Elizabethbode
  • Grint
  • Het barre jaar
  • Het wonder groeide
  • In swalker komt thús
  • Mensen in Friesland
  • Om een eekhoorn - Meinema, Delft
  • Verlopend getij[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Akkerman, Sijas Paulus.

  1. Boekbesprekingen.nl