In sied of siedsje is in embryoanyske plant dy't, ornaris mei in ynterne fiedingsboarne, omjûn wurdt troch in beskermjende, faak hurde, bûtenlaach dy't de siedmantel neamd wurdt. It is it produkt fan it fuortplantingsproses dat plakfynt binnenyn de memmeplant; mei de foarming fan it sied wurdt dat proses yn siedplanten foltôge. Der besteane ferskate meganismen dy't planten brûke om har sied te fersprieden.

  • anemogory: fersprieding troch de wyn; bekend fan it sied fan 'e hynsteblom, dat fêstsit oan in lyts plomke dat meifierd wurdt troch de wyn
  • autogory: fersprieding troch de plant sels
    • fysiologyske autogory: hjirby wurdt (by oanrekking) it sied fuortspuite
    • meganyske autogory: hjirby sit it sied faak yn in iepenspringend sieddoaske, sadat it fuortslingere wurdt
  • hydrogory: fersprieding troch wetter
  • soögory: fersprieding troch bisten; hjirby sitte der heakjes (klissen) oan it sied, sadat it yn 'e pels fan passearjende bisten hingjen bliuwt, of is it ferpakt yn in smaaklike frucht, dy't troch bisten opfretten wurdt en op in oar plak wer útdriten
Flaakssied.

In protte plantedielen dy't yn it deistich spraakgebrûk oantsjut wurde as "sieden", binne eins drûge fruchten of pitten. Sinneblommesied, bygelyks, wurdt faak ferkocht wylst it noch yn 'e hurde pit sit. Ek moat sied net betize wurde mei nuten, dat de hurdmantelige fruchten fan guon planten binne, dêr't it sied binnenyn sit. By guon sêfte fruchten (de saneamde stienfruchten) wurdt it sied de "stien" neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.