Sachalin
Sachalin (Russysk: Сахалин, Sachalin, útspr.: [saxa'lʲin]) is in grut eilân dat yn 'e noardlike Stille Oseaan foar de Sibearyske kust fan it Russyske Fiere Easten leit, krekt benoarden Japan. It is it grutste eilân fan Ruslân, en foarmet it haaddiel fan 'e provinsje Sachalin, dêr't fierders ek de arsjipel fan 'e Koerilen ta heart.
- Dizze side giet oer it eilân yn it Fiere Easten fan Ruslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Sachalin (betsjuttingsside).
Geografy
bewurkje seksjeSachalin foarmet de skieding tusken de See fan Ochotsk yn noarden, easten en súdeasten en de Japanske See yn it súdwesten. Yn it uterste suden wurdt it fan it noardlike Japanske eilân Hokkaido skaat troch de Strjitte fan La Pérouse, wylst it yn it westen fan it Russyske fêstelân skaat wurdt troch de Tataresont (dy't winterdeis gauris tichtfriest) en de wat widere Golf fan Sachalin. Der binne plannen om ûnder de Tataresont troch in tunnel te graven, om sa it eilân mei it fêstelân te ferbinen.
Sachalin is rûchwei 948 km lang fan noard nei súd en 25 oant 170 km breed fan east nei west. Yn totaal beslacht it in oerflak fan 72.492 km², wêrmei't it it grutste eilân fan Ruslân is. It binnenlân bestiet fierhinne út berchtme, fral yn it suden en de midden fan it eilân, en it heechste punt is de berch de Lopatin, mei in hichte fan 1.609 m.
Skiednis
bewurkje seksjeDe lânseigen befolking fan Sachalin bestiet út 'e Ainû, dy't de súdlike helte fan it eilân bewennen, en de Orok en Giljaken yn it noarden. Fanôf likernôch 1264 wreide it Sineeske keizerryk syn ynfloedssfear út nei it eilân, en Peking hold syn oanspraken op Sachalin fol oant de ein fan it keizerryk, yn 1912. De earste Jeropeaan dy't Sachalin oandie, wie de Nederlanner Martin Gerritsz. de Vries, dy't yn 1643 de eastkust yn kaart brocht, wêrfan't er miende dat it de eastkust fan Sibearje wie. Yn 1679 waard de earste Japanske delsetting op it eilân stifte; de Japanners neamde Sachalin doedestiden Kita-Ezo, "Noard-Ezo" (Ezo is de âlde namme fan it noardlike Japanske eilân Hokkaido).
Yn 'e njoggentjinde iuw waard der lang om Sachalin tsierd troch de Russen en Japanners. Ruslân basearre syn oanspraak op it eilân op it Ferdrach fan Aigun (1858) en de Konvinsje fan Peking (1860), wêrby't it Sina al syn gebietsdielen benoarden de rivier de Amoer ôfrûpele hie. Under it Ferdrach fan Shimoda, út 1855, besleaten Ruslân en Japan om Sachalin te dielen, mar dy gearwurking rûn al rillegau op 'e non, en yn 1865 besocht Japan op 'e nij om it hiele eilân (dat tsjin dy tiid de namme Karafuto krigen hie) yn 'e hannen te krijen. Doe't dat net slagge, ruile Japan Sachalin by it Ferdrach fan Sint-Petersburch, yn 1875, mei Ruslân foar de Koerilen. De Russen brûkten Sachalin oant yn 'e tweintichste iuw as strafkoloanje.
Nei ôfrin fan 'e Russysk-Japanske Oarloch, fan 1905, wêrby't de Japanners de Russen in flink wan bruien joegen, moast Ruslân ûnder de betingsten fan it Ferdrach fan Portsmouth it súdlike diel fan Sachalin, oant de 50ste parallel, ôfstean oan Japan. Súdlik Sachalin waard doe in Japanske prefektuer ûnder de namme Karafuto, dy't kolonisearre waard troch sawol etnyske Japanners as Koreänen. Under de Sibearyske Yntervinsje foel tusken 1920 en 1925 noardlik Sachalin ek koart ûnder Japansk bewâld.
Oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch ferovere de Sovjet-Uny súdlik Sachalin, wêrnei't hast alle Japanske kolonisten deportearre waarden. Tsientûzenen Koreänen, lykwols, waarden derfan wjerholden om nei Súd-Koreä te gean; har iennichste kar wie om op Sachalin te bliuwen of har yn Noard-Koreä nei wenjen te setten. Sadwaande libbet de op it eilân noch altyd in Koreaanske minderheid, de saneamde Sachalinkoreänen. Hoewol't der nea formeel frede sletten is tusken Japan en de Sovjet-Uny (en Ruslân en Japan dus eins noch altyd yn oarloch binne), joech Japan yn 1951, by it Ferdrach fan San Fransisko, wêrby't it frede sleat mei de westlike Alliëarden, al syn oanspraken op Sachalin op.
Demografy
bewurkje seksjeYn 2005 hie Sachalin likernôch 580.000 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 8 minsken de km². De grutste stêd en teffens it haadplak fan it eilân is Jûzjno-Sachalinsk, mei in ynwennertal fan 174.000 minsken. Neffens gegevens fan 'e Russyske folkstelling fan 2002 bestie de befolking fan Sachalin doe foar 83% út etnyske Russen, folge troch 5,5% Koreänen (sa'n 30.000 man), en dan lytsere groepen Oekraïners, Tataren, Jakoeten en Ewinken. Fan 'e lânseigen befolking binne noch sa'n 2.000 Giljaken (of Nivch) en sa'n 750 Orok oer. Fierders binne der noch in pear hûndert Japanners en in hantsjefol Ainû. Fan 'e oarspronklike 448.000 Japanners waarden ûnder de Twadde Wrâldoarloch al hast 150.000 nei Hokkaido ta evakuëarre. De restearjende 300.000 waarden úteinlik yn 1949 troch de Russen nei Japan ta deportearre. Hast alle Ainû fan súdlik Sachalin (dy't ommers de Japanske nasjonaliteit hiene) waarden doe mei-iens ek fan it eilân ferdreaun.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|