Sybren van Tuinen

Sybren van Tuinen (Seisbierrum, 5 maart 1913 - Hattem, 29 april 1993) wie boargemaster.

Sybren van Tuinen

Van Tuinen gie nei it Gereformeerd Gymnasium yn Ljouwert (eineksamen 1932) en studearre Skiednis oan de Frije Universiteit yn Amsterdam fan 1932 oant 1940. Dêrnei wie er in stikmannich jierren learaar skiednis oan de Kristlike HBS yn Ljouwert (1940-1943) . Yn de Twadde Wrâldkriich wie Van Tuinen distriktskommandant fan de O.D. (Ordedienst) foar Boalsert, Wûnseradiel en Hinnaarderadiel. Oan de ein fan de oarloch siet er yn it Hûs fan Bewarring yn Ljouwert.

Van Tuinen wie waarnimmend boargemaster fan Boalsert yn 1945/1946, waard boargemaster fan Dokkum yn 1946 en lid fan Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de ARP yn 1950. Fan septimber 1969 oant maaie 1971 hie Van Tuinen in sit yn de Earste Keamer, dêr't er wurdfierder folkshúsfêsting, romtlike oardering en maatskaplik wurk fan de ARP-fraksje wie. Yn 1970 naam er ôfskied as boargemaster fan Dokkum en gie er nei Kampen dêr't er itselde amt besette oant 1978.

Van Tuinen skreau histoaryske artikels en siet yn it bestjoer fan ferskate Fryske kulturele organisaasjes. Hy hat in soad boeken oer Dokkum en Bonifatius by elkoar garre, bekend as de Kolleksje Van Tuinen, dy't it Streekarchivaat Noord-Oost Friesland sûnt 2007 op 'e noed hat.

Van Tuinen boaske mei Minke Lieuwina Sytsma, dochter fan Syds Lieuwes Sijtsma, op 16 maart 1940 yn Mitselwier. Sy krigen twa soannen.

Underskieding

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: