De readnekibis (Pseudibis papillosa), ek wol Yndyske swarte ibis neamd, is in fûgelsoarte út de famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae) en komt op it Yndysk subkontinint foar.

readnekibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai ûnechte ibissen (Pseudibis)
soarte
Pseudibis papillosa
Temminck, 1824
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De soarte wurdt as monotypysk behannele, itjinge sizze wol dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten is.

 
As de fûgel fleant, binne de wite flekken op 'e skouders goed te sjen.

De readnekibis is in middelgrutte swarte fûgel fan 68 sm mei lange poaten en in lange, kromme snaffel. De wjukken en sturt hawwe in griene en blauwe glâns, wylst de nekke en de bealch donkerbrún sûnder glâns binne. Fierders hat de fûgel in wite flek op 'e skouders en in keale kop, mei in warte-eftige reade hûd, dy't him earst by de folwoeksen fûgels ûntwikkelt. De reade warte-eftige hûd begjint as in punt op 'e krún en wurdt nei de nekke ta breder. Fierder hat de fûgel in oranjereade iris, in grize snaffel en grize poaten, dy't yn 'e briedtiid reader wurde. Beide geslachten binne itselde.

Jonge fûgels binne bruner en ha gjin read op 'e krún en yn 'e nekke.

Fersprieding

bewurkje seksje

De readnekibis komt yn in grut diel fan it Yndiaaske subkontinint foar. Yn Rajastan is it in gewoane fûgel by it Aravalli-berchtme lâns, mar de beammen op 'e bergen wurde mijd. De readnekibis komt yn marren, sompen, it bêd fan rivieren, lânbougrûn en braaklizzend lân, doarpen en stêden foar. Yn drûgere gebieten wurdt er faak yn lytse groepkes sjoen, faaks yn famyljeferbân, en binne grutte groepen relatyf seldsum.

 
Jonge fûgel.

De readnekiris komt as briedfûgel in soad yn Haryana, Punjab, Rajasthan en de Gangesflakte foar. It ferspriedingsgebiet leit oant yn it suden fan Yndia, mar de soarte wurdt net oantroffen yn 'e bosken of de drûge sône fan it súdeasten fan Yndia of Sry Lanka. Yn it leechlân fan Nepal wurde de fûgels yn lânbougebieten sjoen, mar se bouwe de nêsten yn 'e bosken.

De soarte is yn Pakistan foar in grut part troch jacht en ferlies fan habitat ferdwûn. Yn Yndia is de sitewaasje folle better en wurde de fûgels tradisjoneel troch boeren op it lân tolerearre.

Oars as oare ibissen briedt de fûgel net mei reagers yn grutte koloanjes. De briedtiid is ferskillend, mar meastentiids tusken maart en oktober. De nêsten binne grut mei in diameter fan 35 oant 60 sm en in djipte fan 10 oant 15 sm. Alde nêsten wurde op 'e nij brûkt en somtiden ek fan oare grutte fûgels. De nêsten binne ornaris op in hichte fan 6 oant 12 meter boppe de grûn en net selden tichteby bebouwing. Der wurde 2 oant 4 ljochtblauwe oant ljochtgriene aaien lein, dy't 33 dagen letter útkomme.

 
Readnekibis.

De fûgel is yn steat om him oan it stedslibben oan te passen en wurdt yn doarpen, stêden en sels megastêden sjoen. De nêsten wurde dêr op keunstmjittige 'beammen' lykas ljochtmêsten boud, sels as dy op drokke plakken steane. Readbekibissen kinne dus ek profitearje fan 'e útwreiding fan stedsgebieten yn bygelyks drûge gebieten sûnder hege beammen, salang de stêden genôch gelegenheid jout om te brieden en minsken se net ferfolgje. De moderne lânbou hat ta minder beammen laat, mar dat hoecht foar de readnekibis gjin probleem te wêzen as der keunstmjittige nêstgelegenheid lykas elektrisiteits- of tillefoanmesten binne.

Readbekibissen ite fral aas, ynsekten, kikkerts, oare lytse wingedieren en nôt. Se foerazjearje benammen yn drûch iepen lân en op stoppelfjilden, somtiden mei sulverreagers en oare fûgels. Se binne ek op jiskebulten te sjen. Yn it wetter foerazjeare se minder faak.

De readbekibis hat in grut ferspriedingsgebiet. De populaasje is noch grut, mar der wurdt oannommen dat de soarte yn oantal ôfnimt, mar net earnstich genôch om as bedrige beskôge te wurden. De Ynternasjonale Uny foar Natoerbeskerming (IUCN) klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Red-naped ibis (ferzje 26 april 2024)