Peta Jensen
Peta Jensen, echte namme ûnbekend (Zephyrhills (Floarida), 24 desimber 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Dútsk, Iersk en Skotsk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenamme Scarlett Reid. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile yn in grut tal films. Jensen stiet benammen bekend om har grutte boarsten. Yn 2016 waard se nominearre foar mar leafst seis prestizjeuze AVN Awards.
Peta Jensen | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen |
Scarlett Reid | |
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 desimber 1990 | |
berteplak | Zephyrhills (Floarida) | |
etnisiteit | Dútsk Iersk Skotsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2014 – no | |
offisjele webside | ||
Peta Jensen op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJensen waard yn 1990 berne yn Zephyrhills, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Yn in fraachpetear hat se sein dat se op 'e middelbere skoalle in boekewjirm wie en dat se mei santjin jier foar it earst seksuële omgong hie. Letter sette se útein mei in wurkpaad as stripper, en it wie yn in stripklub dat se oansprutsen waard troch in talintescout fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, dy't har frege oft net pornoaktrise wurde woe. Jensen gie dêrop yn en makke op 8 septimber 2014 har debút yn in pornografyske film.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Jensen neitiid yn mear as 110 films, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Digital Sin, Wicked Pictures, Jules Jordan Video en Digital Playground. Fierders hat se ek wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Girlfriends Films, Mile High Media en Pure Play Media. En teffens hat se in protte yn 't spier west foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Reality Kings, Brazzers en Naughty America. Jensen hat gearwurke mei kollega-pornoaktrises as Anikka Albrite, Mercedes Carrera, Allie Haze, Brandi Love en Kendra Lust, en mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Jordan Ash, Mick Blue, Danny D, James Deen, Erik Everhard, Tommy Gunn, Keiran Lee, Sean Michaels, Ramon Nomar, Mr. Pete en Johnny Sins.
As pornoaktrise stiet Jensen benammen bekend om har grutte boarsten, dêr't se ek noch tatemolke mei ôfskiede kin. Hja die har earste anale sekssêne (Anything He Desires) op 14 febrewaris 2016 foar Brazzers, en har earste ynterrasiale sekssêne (Big Boob Secretary Does Her Black Boss) op 15 april 2016 foar de webside Blacked.com. Yn 2016 waard Jensen nominearre foar net minder as seis AVN Awards (de Oscars fan 'e pornowrâld), û.m. yn 'e kategoryen bêste nije stjer, bêste sekssêne mei in pearke (tegearre mei Bill Bailey) en bêste groepsekssêne (yn 'e mande mei sân oare akteurs). Op 25 april 2016 kundige Jensen op Twitter de ein fan har karriêre as pornoaktrise oan, mar minder as in moanne letter kearde se werom yn 'e pornoyndystry.
Jensen hat fjouwer moanne troud west foar't har houlik einige yn in skieding. Se seit dat se yn har frije tiid graach hynsteride mei. Njonken har aktearwurk is se ek aktyf as neakenmodel en hat se mei fotoreportaazjes yn ferskate neakenblêden stien. Fierders reizget se as feature dancer by stripklubs yn 'e hiele Feriene Steaten lâns.
Lichemsskaaimerken
bewurkje seksjePeta Jensen is blank, mei griene eagen en brún hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang, mei in gewicht fan 56 kg, en kupmaat 34DDD, dêr't se in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven de wenstige piercings troch har earlellen hat Jensen ek in nâlpiercing en in piercing troch har rjochternoaswjuk. Fierders hat se ferskate tatoeaazjes: in blom boppe-oan op har lofterboarst; in fear mei tekst op har rjochterearm; in sinneblom en in hert op har rjochterfoet mei de tekst "Live, Laugh, Love"; en oare tatoeaazjes op har lofterheup en ûnderrêch, har rjochterûnderbúk en de binnenkant fan har lofterpols.
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2016 | AVN Award | nominearre | bêste sekssêne mei in pearke (mei Bill Bailey) | Bra Busters |
nominearre | bêste groepsekssêne (mei Adriana Chechik, Aidra Fox, Karlee Grey, Dani Daniels, James Deen, Erik Everhard en Mick Blue) |
Orgy Masters 7 | ||
nominearre | sosjale-mediastjer (publykspriis) | n.f.t. | ||
nominearre | meast seksy nijynkommelinge (publykspriis) | n.f.t. | ||
nominearre | bêste boarsten (publykspriis) | n.f.t. | ||
nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Peta Jensen op Twitter
- (in) Biografy en filmografy fan Peta Jensen yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Peta Jensen yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Biografyske gegevens fan Peta Jensen op FreeOnes
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|