Paleis
In paleis is swiid opset gebou mei in iepenbiere of seremoniële funksje, dat fan oarsprong bedoeld wie as de residinsje fan in pommerant. Dêrby kin it gean om in monarch, lykas in kening, keizer of emir; in oarsoartich steatshaad, lykas in presidint; of in tsjerkfoarst, lykas in biskop of aartsbiskop. In protte paleizen hawwe tsjintwurdich harren residinsjele funksje ferlern en binne ynstee museä, hotels, parlemintsgebouwen of kantoargebouwen (bgl. foar ministearjes) wurden. In paleis ûnderskiedt him fan in kastiel trochdat in paleis nea bedoeld is om in belegering te trochstean en dêrom alhiel net fortifisearre is, of it moat inkeld wêze op 'e meast symboalyske en ûnpraktyske wize.
It wurd 'paleis' is fan oarsprong in lienwurd út it Frânsk, fan it Aldfrânske palais, dat ôflaat wie fan it Latynske Palatium. It wurd foar 'paleis' is yn it Latyn eins regia, mar de regia fan 'e Romeinske keizer Augustus stie op 'e Palatyn, in heuvel yn Rome, en kaam sadwaande bekend te stean as it Palatium. In protte Jeropeeske talen hawwe in korrespondearjende term dy't ek ôflaat is fan it Frânske palais, lykas it Dútske Palast, it Ingelske palace, it Nederlânske paleis, it Italjaanske palazzo en it Spaanske palacio. Yn in soad fan sokke talen hat it begryp 'paleis' in bredere betsjutting as yn it Frysk, en kin der ek mei ferwiisd wurde nei lânhuzen, hearehuzen en oare filla's. Yn 'e oerdrachtlike sin wurdt de term 'paleis' fierders ek wol brûkt foar oarsoartige swiid ûntwurpen gebouwen; sa wurdt in gebou dat in rjochtbank húsfêst wol in Paleis fan Justysje neamd en sprekt men by in ornate âlde bioskoop wol fan in 'filmpaleis'.
Foarbylden fan paleizen yn Nederlân binne û.o. Paleis Huis ten Bosch en Paleis Noordeinde yn De Haach, it Paleis op de Dam yn Amsterdam, Paleis Het Loo yn Apeldoarn, Paleis Soestdijk yn Baarn en it Aartsbiskoplik Paleis fan Utert. It Fredespaleis yn De Haach is eins gjin echt paleis om't it nea in residinsjele funksje hân hat, en wurdt inkeld sa neamd om't it yn 'e styl fan in paleis boud is. Foarbylden fan bekende paleizen yn it bûtenlân binne: Buckingham Palace en it Paleis fan Westminster yn Londen; Balmoral Castle (gjin echt kastiel) yn Aberdeenshire; it Louvre en it Paleis fan Versailles yn en deunby Parys; it Palazzo Vecchio yn Florâns; it Apostoalysk Paleis yn Rome; it Alhambra yn Granada; it Escorial by Madrid; it Topkapı yn Istanbûl; it Kremlin yn Moskou; it Winterpaleis yn Sint-Petersburch; de Ferbeane Stêd (eins in kompleks fan ferskate paleizen) yn Peking; it Blauwe Hûs yn Seoel; it ‘Iolani Paleis yn Honolulu; en it Wite Hûs yn Washington, D.C.
Galery
bewurkje seksje-
it Escorial
-
it Blauwe Hûs
-
it Topkapı
-
it Wite Hûs
-
it Alhambra
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|