Kommunisme

(Trochferwiisd fan Kommunist)

Kommunisme is in politike ideology wêrby ekonomy en produksje mandeguod binne fan de mienskip. De grûnslach fan it kommunisme stiet beskreaun yn it Kommunistysk Manifest fan Karl Marx.

Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

De sosjalistyske partijen yn Dútslân foar de Twadde Wrâldkriich wienen de kommunistyske kant neist. Mar doe't Hitler mei syn Nasjonaal Sosjalistyske Dútske Arbeiders Partij yn 1933 oan 'e macht kaam waarden alle oare partijen ferbean. Underwilens wie der yn de Sowjetuny politike ûnfrede dat him oppenearre yn de Oktoberrevolúsje dêr't Lenin in wichtige rol yn spile hat. Vladimir Lenin syn krewearjen yn de Sowjetuny hat gâns ynfloed hân op de betsjutting fan it wurd kommunisme. Tusken 1945 en 1989 hie de Sowjetuny yn gebieten dy't se op de Dútsers ferovere hienen, al of net mei twang, kommunistysk makke. Dy groep lannen dêr't de Sowjets politike en militêre ynfloed hienen, hjitte meiïnoar it eastblok. Nei de fal fan de Berlynske Muorre woenen de lannen dy't by it eastblok hearden, net langer mear kommunistysk wêze. Steaten dy't hjoed noch in kommunistysk bewâld hawwe binne û.o. Kuba, Noard-Korea en Sina.

Ferneamde kommunisten

bewurkje seksje