Kolonel
In kolonel is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers. De ekwivalinte rang by de marine is kaptein-op-see, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht groepskaptein is. De oansprektitel fan in kolonel is "kolonel". De boppelizzende rang is brigadegeneraal of, yn legers dy't de rang fan brigadegeneraal net kenne (sa't yn in grut diel fan East-Jeropa it gefal is), generaal-majoar. Dêrmei is kolonel de heechste haadofsiersrang. Direkt ûnder de kolonel stiet de luitenant-kolonel, dat in soarte fan legere gradaasje fan kolonel is.
Etymology
bewurkje seksjeIt wurd 'kolonel' stammet út it Latyn, fan columnella, dat "pylderke" of "lytse kolonne" betsjut. As rang ûntstie it yn it tiidrek fan 'e Renêssânse yn Itaalje, mei as oarspronklike betsjutting "ofsier dy't in kolonne oanfiert". Dêrby wiene der earst twa foarmen fan it wurd yn omrin, 'kolonel' en 'koronel', dy't trochinoar brûkt waarden. Uteinlik wûn de foarm 'kolonel' it yn 'e measte talen, mar 'koronel' libbet noch fuort yn it Ingelske colonel, dat nettsjinsteande de stavering mei in l, útsprutsen wurdt mei in r: ['kʌɹnəl], likernôch: "kurn'l".
Skematysk oersjoch
bewurkje seksjeOersjoch fan 'e kolonelsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
kolonel | kaptein-op-see | kolonel of groepskaptein |
luitenant-kolonel | kaptein-luitenant-op-see | luitenant-kolonel of wing commander |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
bewurkje seksje(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OF-5 | |||||||
kolonel kolonel |
kaptein-op-see kolonel (by it Korps Mariniers: kolonel) |
kolonel kolonel |
kolonel kolonel | ||||
NATO rang OF-4 | |||||||
luitenant-kolonel oerste |
kaptein-luitenant-op-see oerste (by it Korps Mariniers: luitenant-kolonel) |
luitenant-kolonel oerste |
luitenant-kolonel oerste |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |