Klaas Koopmans (Garyp, 7 augustus 1920 - Burgum, 20 jannewaris 2006) wie in Frysk keunstskilder. Hy wie ien fan de belangrykste ekspresjonisten út Fryslân.

Klaas Koopmans
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 7 augustus 1920
berteplak Garyp
stoarn 20 jannewaris 2006 (85 jier)
stjerplak Burgum
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
wurksum as skilder, tekener, byldhouwer
streaming Ekspresjonisme
jierren aktyf 1935-1980
offisjele webside
www.galeriekoopmans.nl

Nei de legere skoalle waard hy ferver by syn heit. Yn 1942 folge hy tekenlessen fan Klaas Kloek út Twizel en Herman Dijkstra (1904-1976) fan Grins. Nei de oarloch troude er mei Hinke Maria Bosma. Hy skildere benammen lânskippen en minsken om him hinne. Teffens waard er ferneamd fan syn tekeningen dy't er makke fan pasjinten yn de psychiatryske sikehuzen fan Frjentsjer en Feanhuzen dêr't er sels opnaam wie. Klaas Koopmans siet nei de oarloch by de Fryske skildersgroep ”Yn'e Line”.

Yn 2005 kaam der in byld fan him yn Garyp. Nei syn dea yn 2006 waard in eksposysje oan him wijd yn Museum Belvedêre.

Yn 2009 waard de film De kracht van kwetsbaarheid fan Auke de Witte út Frjentsjer ûnderskieden mei de publykspriis by de NOVA-Noardwedstryd. De dokumintêre giet oer it libben fan Klaas Koopmans.

Keppelings om utens

bewurkje seksje