Karfoarst
In karfoarst (Dútsk: Kurfürst, útspr.: ['kurfyrʃt], likernôch: "kûr-fuersjt"; Tsjechysk: kurfiřt, útspr.: ['kurfir̝t], likernôch: "kûr-fierzjd") wie in heech ealman yn it Hillige Roomske Ryk dy't lid wie fan in elektoraal kolleezje dat de keizer keas. It gebiet fan in karfoarst wie in karfoarstedom, en de erfgenamt fan in (wrâldske) karfoarst wie in karprins.
Skiednis
bewurkje seksjeIt systeem fan 'e koarfoarsten waard yn 1125 ynsteld. Hja wiene doe de machtichste mannen fan it Hillige Roomske Ryk, dy't it privileezje hiene om út te meitsjen wa't ta keizer kroane wurde soe troch de paus fan Rome. Immen dy't al ta keizer keazen, mar noch net kroane wie, hiet doedestiden de Roomsk-kening. Nei 1508 wie de ferkiezing ta keizer foldwaande om sûnder pauslike tuskenkomst de keizerstitel te bemachtigjen. Karel V wie de lêste keizer fan it Hillige Roomske Ryk (as sadanich keazen yn 1519) dy't troch in paus ta keizer kroane waard (yn 1530). Al syn opfolgers waarden inkeld noch keazen troch de karfoarsten.
Yn 'e praktyk ferwaard de ferkiezing troch de karfoarsten nei likernôch 1400 ta in formaliteit dy't de jure fereaske wie, mar de facto gjin ynfloed hie. Fan 1440 ôf wie it keizerskip fan it Hillige Roomske Ryk fêst yn 'e hannen fan it Eastenrykske Hûs Habsburch, en alle neifolgjende keizers wiene dêr telgen fan, útsein Karel VII (1742-1745) en Frâns I (1745-1765). (Karel VII wie lykwols nau oan 'e Habsburchs besibbe, wylst Frâns I troud wie mei Marije Teresia, dy't op dat stuit it haad fan it Hûs Habsburch wie, mar sels fan it keizerskip útsletten wie om't se in frou wie.) Iuwenlang diene de karfoarsten dus net folle mear as in beërf ratifisearje. De echte wearde fan it karfoarstskip wie it prestiizje dy't it amt meidroech, dy't inkeld ûnderdie foar dy fan 'e keizer sels.
Tal karfoarsten
bewurkje seksje- Der wiene oarspronklik sân karfoarsten
- 3 geastlike karfoarsten:
- de aartsbiskop fan Trier as aartskânselier foar Dútslân (d.w.s. de Dútsktalige gebieten fan it Hillige Roomske Ryk)
- de aartsbiskop fan Keulen as aartskânselier foar Itaalje
- de aartsbiskop fan Trier as aartskânselier foar Boergonje
- 4 wrâldske karfoarsten:
- de kening fan Bohemen as aartsskinker
- de markgreve fan Brandenburch as aartskeamerhear
- de paltsgreve fan de Ryn ('de Palts') as aartsseneskalk
- de hartoch fan Saksen as aartsmaarskalk
- Fernijings yn 'e 17e iuw
Beieren krige yn 1623 de karfoarsteweardichheid fan 'e karfoarst fan 'e Palts, fanwegen de opstelling fan dy lêste yn 'e Tritichjierrige Oarloch. Nei de Frede fan Westfalen, yn 1648, krige de karfoarst fan 'e Palts by wize fan kompinsaasje in nije, achtste karfoarstestim en it nij kreëarre amt fan aartsskatmaster. De hartoch fan Breunswyk-Lüneburg (yn 'e folksmûle de karfoarst fan Hannover neamd) waard yn 1692 as njoggende karfoarst oansteld.
- de hartoch fan Beieren as aartsseneskalk
- de hartoch fan Breunswyk-Lüneburg as aartsfindeldrager
- Feroarings yn 'e 18e iuw
Nei't Beieren yn 1777 troch erfenis yn 'e hannen fan 'e karfoarst fan 'e Palts komme wie, dôve de achtste karfoarstestim, dy't de Palts yn 1648 krigen hie, út, en ferfoel ek it amt fan aartsskatmaster, wylst de karfoarstestim fan Beieren fuortbestie, krekt as it amt fan aartsseneskalk.
- Feroarings yn 'e Frânske Tiid
By de Reichsdeputationshauptschluß fan 1803 waarden ûnder direkte of yndirekte druk fan Frankryk ferskate dingen feroare. De karfoarstedommen fan Keulen en Trier waarden opheft om't se troch Frankryk anneksearre waarden. Itselde oerkaam it karfoarstedom Mainz, mar de karfoarst fan Mainz krige yn ruil dêrfoar it nije Foarstedom Regensburg werom, dat ta karfoarstlike weardichheid ferheft waard. Tagelyk dêrmei waarden fjouwer nije karfoarstedommen skepen út Baden, Hessen-Kassel, Salzburg en Wuerttemberch.
- de foarst fan Regensburg
- de markgreve fan Baden
- de lângreve fan Hessen-Kassel
- de hartoch fan Salzburg
- de hartoch fan Wuerttemberch
Yn 1805 gie de karweardichheid fan Salzburg oer op Würzburg.
- de gruthartoch fan Würzburg
Neisleep
bewurkje seksjeNei de opheffing fan it Hillige Roomske Ryk yn augustus 1806 joegen de measte karfoarsten harrensels hegere aadlike titels. Sa namen de karfoarsten fan Beieren, Saksen en Wuerttemberch in keningstitel oan en ferheften de karfoarsten fan Baden en Regensburg harrensels ta gruthartoggen. De karfoarst fan Hessen-Kassel behold lykwols syn no betsjuttingsleaze titel om him te ûnderskieden fan 'e oare Hessyske foarsten (de gruthartoch fan Hessen-Darmstadt en de lângreve fan Hessen-Homburg). Napoleon stjoerde him lykwols yn ballingskip en liet Hessen-Kassel opgean yn it Keninkryk Westfalen. Underwilens hie de kening fan it Feriene Keninkryk, dy't mei Napoleon yn oarloch ferkearde, de titel fan karfoarst fan Hannover beholden; it regear fan it Karfoarstedom Hannover operearre fanút Londen.
Nei de nederlaach en ôfsetting fan Napoleon akseptearre it troch de grutmachten fan Jeropa gearroppen Kongres fan Wenen yn 1813 de karfoarsten fan Beieren, Saksen en Wuerttemberch as keningen en dy fan Baden en Regensburg as gruthartoggen. De Britske kening rôp himsels no ek út ta kening fan Hannover. Doe't de karfoarst fan Hessen-Kassel, dy't syn foarstedom weromkrigen hie, besocht om himsels erkend te krijen as de "kening fan 'e Sjatten" (de Germaanske stamme dy't yn 'e Romeinske Tiid it lettere Hessen bewenne, waard dat lykwols op it Kongres fan Aken fan 1818 troch de grutmachten ôfwiisd. Hy mocht fan harren gruthartoch wurde, mar om't er fan miening wie dat de titel fan karfoarst heger wie dy fan gruthartoch, besleat er om dan mar ynstee in karfoarst te bliuwen, ek al wie der neat mear te kiezen. Sadwaande wie Hessen-Kassel it lêst oerbleaune karfoarstedom, oant it by de Eastenryksk-Prusyske Oarloch fan 1866 de ferkearde kant keas en troch it oerwinnende Prusen anneksearre waard.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |