Kwadijk
Kwadijk (Wetterlânsk: Kwedaik) is in doarp yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite Wetterlân. It doarp leit in 3 km noardlik fan Purmerein. Kwadijk hat 810 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Kwadijk | ||
Tsjerke fan Kwadijk | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Edam-Volendam | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 810 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 5,71 km², wêrfan: - lân: 5,29 km² - wetter: 0,42 km² | |
Befolkingsticht. | 142 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N244 | |
Postkoade | 1471 | |
Netnûmer | 0299 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 32' NB, 4° 59' EL | |
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik (grien) fan Kwadijk yn de eardere gemeente Seefang |
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme komt yn 1393 foar as Coedijc en yn 1573 as Quadyck. De namme is mooglik in gearstalling fan coe (ko) en dyk. Neffens lettere ynterpretaasjes is it in gearstalling fan qua (kwea) en dyk itjinge ferwiist ne de minne steat fan ûnderhâld fan de dyk.[2].
Fan de 11e oant de 14e iuw bestie Kwadijk ûnder de namme Drey of Verdrey, neamd nei it wetterke de Draai, justjes fierder fan de Purmer ôf, tusken de Nieuwendijk en Wijzend tichteby it hjoeddeistige Hobrede. Dat plak wie in feanterijdoarp. Dêrnei ferhuzen de ynwenners nei it hjoeddeistige plak, omreden dat it plak fan Drey te leech kaam te lizzen troch de ynklinkende feangrûn. Yn 1414 moast dêr al in tsjerke stien hawwe, want dat jier waarden de ynwenners fan Kwadijk "boargers" fan Edam, dêr't Kwadijk yn it rjochtsgebiet fan lei. Oant 1567 ûnderholden de ynwenners fan Kwadijk it âlde begraafplak fan Drei.
Yn de 16e en 17e iuw libben de bewenners benammen fan de feehâlderij en fiskerij. Yn de 16e iuw waard in krústsjerke boud dy't yn 1835 troch it hjoeddeistige tsjerkegebou ferfongen waard omreden fan boufalligens.
Op 1 jannewaris 1812 waarden Kwadijk en Warder ta de gemeente Middelie foege, mar op 1 maaie 1817 waarden alle trije fannijs selsstannige gemeenten. Wylst se selsstannich wiene hiene de trije gemeenten deselde boargemaster en waarden út Edam wei bestjoerd. Dy sitewaasje feroare yn 1890 doe't de doe 29-jierrige boargemaster Simon Berman as boargemaster fan Kwadijk, Middelie en Warder beneamd waard. Hy ferhûze syn kantoar en syn bestjoer foar de trije gemeenten nei Kwadijk.
Op 20 maaie 1884 waard it spoar fan Amsterdam nei Inkuzen oanlein en krige Warder in stasjon oan it spoar. Ynearsten waard it Stasjon Kwadijk-Edam neamd, mar sûnt 15 maaie 1935 waard it Stasjon Kwadijk neamd. It stasjon waard lykwols op 15 maaie 1938 sletten. Fan 1906 oant 1933 wie der in steamtramferbining fan Kwadijk nei Edam en Volendam, dy't troch de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij eksploitearre waard. Hjoed-de-dei kin it trasee fan dy tramwei noch yn it lânskip sjoen wurden. It eardere stasjon fan Kwadijk tsjinne letter as wente, keunstatelier en winkel. Yn 2010 waard it gebou omfoarme ta in modern kantoar, wylst de histoaryske eleminten bewarre bleaun binne.
Yn 1925 waard de wettertoer fan Kwadijk boud nei in ûntwerp fan arsjitekt B.F. van Niefelt. De wettertoer waard letter in wente. De toer is in ryksmonumint.
Yn 1970 fusearre de gemeente Kwadijk mei de gemeenten Beets, Oosthuizen, Middelie en Warder ta de gemeente Seefang. As part fan de weryndieling waard de buorskip Verloreneinde, dy't by de gemeente Oosthuizen, hearde ta de himrik fan Kwadijk foege. Yn 2016 waard de gemeente Seefang by de gemeente Edam-Volendam foege.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Edam-Volendam | ||
---|---|---|
Stêd: Edam | ||
Doarpen: Beets • Etersheim • Hobrede • Kwadijk • Middelie • Oosthuizen • Purmer (foar in part) • Schardam • Volendam • Warder | ||
Buorskippen: Axwijk • Katham • Verloreneinde | ||
· · |