John Eric Banck
Johann Erich (John Eric) Banck (Soerabaja, 3 novimber 1833[1] - Wiesbaden, 16 april 1902) wie in Nederlânske jurist, dichter, filantroop en grutgrûnbesitter. Hy wie fan 1858 oant 1893 eigner fan Skiermûntseach.
Libben en wurk
bewurkje seksjeBanck wie in soan fan Johann Erich Banck en Caroline van Hoff. Hy studearre rjochten oan de Universiteit Leien en promovearre dêre yn 1856. Hy waard jurist yn De Haach. Septimber 1858 kocht er, 24 jier âld, it eilân Skiermûntseach foar ƒ 97.058.[2] At er op it eilân tahâlde, wenne Bancks op de bûtenpleats Rijsbergen, boud troch de eardere eigners fan it eilân, de famylje Stachouwer.[3]
Bancks liet 1860 de seedyk om de kwelders oan de Waadseekant oanlizze. De nije polder krige syn namme, de Banckspolder. Hy wie ek ien fan de oprjochters fan de seefeartskoalle fan Skiermûntseach, liet in seistal pleatsen sette en soarge foar it beplantsjen fan de dunen mei strângers. Yn de mande mei inkele ynvestearders realisearre er fierders de bou fan in nij badhotel, dat lykwols yn 1923 ferlern gie troch dúnôfslach.
Yn 1893 bea Bancks Skiermûntseach te keap oan foar ƒ 350.000.[4] It eilân waard desimber 1893 kocht troch greve Berthold von Bernstorff, lid fan de Dútske Ryksdei, dy't it eilân benammen as jachtgebiet brûke soe. Maitiid 2010 binne twa gedichten fan de Taalrûte op Skiermûntseach wijd oan Banck (sjoch gallery).
Banck publiceerde neist juridysk wurk ek inkele dichtwurken sa as Zeepbellen, de Komeet en ferskate gelegenheidsgedichten. Ek levere er teksten oan de Nederlânske komponist Richard Hol (1825 – 1904).[5]
Banck wijde de neifolgjende dichtrigels oan Skiermûntseach:[6]
Op de kruinen van de duinen,
Staat de vuurkolom geplant,
Die met luister in het duister,
AIs een helder kustlicht brandt.
Vol gevaren, zijn de baren,
Waar de zeeman zoekend dwaalt;
Donk're luchten doen hem duchten,
Waar geen ster hem tegenstraalt.
Maar van verre, al, een sterre,
Schijnt de vuurbaak op het nat;
Alle nooden zijn gevloden
En de zwerver vindt zijn pad.
Banck wie boaske oan Sophie Springer. Hy stoar te Wiesbaden yn de âldens fan 68 jier en waard dêr ek beïerdige.
-
Monumint ta oantins fan mr. J. E. Banck
-
Gedicht by de bank fan Banck, part fan de Taalrûte Skiermûntseach
-
Gedicht by de Banckspolderk, part fan de Taalrûte
Bibliografy
bewurkje seksje- Specimen juridicum inaugurale continens: quaestiones de jure hodierno (proefskrift), Hazenberg, Leieen, 1856
- Artikel 56 van het regerings-reglement, beschouwd en toegelicht, H.C. Susan, C.H. Zoon, De Haach, 1861
- De koloniale staatkunde van het Kabinet ontvouwd en beoordeeld , de Erven H. van Munster & Zoon, Amsterdam, 1861
- Geschiedenis der Nederlandsch-Indische Spoorweg-maatschappij, Visser, Den Haag, 1869
- De Brielsche waternimf en de aesthetiek, Van Stockum, De Haach, 1872
- Atchin's verheffing en val: met historische bijlagen en een oud kaartje der reede van Atchin, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1873
- Vondel herdacht, De Graaff, Haarlim, 1879
Dichtwurk
bewurkje seksje- Het lied van de trom, de springfontein. bloemenraadsel, wit en rood. (fjouwer gedichten)
- Zeepbellen: lyrische dichtproeven, Hassels, Amsterdam, 1851
- De komeet: een zang des tijds, Amsterdam, 1858
- Mondig!: een lied Z.K.H. den Prins van Oranje toegezongen, De Breuk & Smits, Leien, 1858
- Verspreide gedichten, Visser, De Haach, 1868
- 23 Mei MDCCCLXVIII : cantate bij de viering van het derde eeuwfeest ter herinnering aan den slag bij Heiligerlee (23 Mei 1568), Visser, De Haach, 1868
- Ter herinnering, 17 Juni 1877 - serenade: op. 19 (t.g.v. overlijden en begrafenis van keninginne Sophie), Nijhoff, De Haach, 1878
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|