It Swin (Brugge)
It Swin wie yn de lette midsiuwen de see-earm dy't Damme mei de Noardsee ferbûn. Troch oanslibbings en fersâning is der net folle mear fan oer as in strângeul mei efterlizzende slufter. Earder hat de mûning goed 6 km breed west. De tuorren fan Westkapelle en Knokke tsjinnen as beaken foar de seelju op wei nei Damme.
Troch de fersâning wie Brugge yn de 11e iuw oer de Reie net mear oer wetter te berikken. Yn de 12e iuw waard it Swin troch stoarmen fergrutte ta in befarber wetter dat tichtby Brugge kaam en sa in nij farwei joech. Dan moasten der lykwols al foarhavens oanlein wurden. De earste wie Damme, en nei see ta folgen Hoeke, Mude (no Sint Anna ter Muiden) en op it lêste Slús.
De strângeul, dy't by eb maklik trochwâde wurde kin - net mear as inkeldjip - leit likernôch op de grins tusken Nederlân (Kadsân) en Belgje. Yn 1950 besleat Nederlân ta it ôfsluten fan de Swinmûning. De daam dy't der doe kaam rôp lykwols protesten op fan Belgje út. It sluftergebiet waard yn 1952 troch greve Léon Lippens ta it earste natuerreservaat fan Belgje útroppen. Ear't dit probleem hielendal útpraat wie, waard de daam by de wettersneed fan 1953 fuortslein, wêrtroch de geul wer iepen wie. Op it stuit leit de geul sa dat de punten fan de westouwers noch krekt yn Nederlân lizze (2000).
Frij algemien wurdt oannaam dat it Swin itselde wetter is as it "Sincfala" yn de Lex Frisionum.
Natuergebiet It Swin
bewurkje seksjeIt Swin is it wichtichste natuergebiet fan de Belgyske kust, mei in soad seefûgels en dúnkninen. Oan de binnendykse kânt is in briedstasjon fan de earrebarre en in lyts fûgelpark, dêr't ek strâne fûgels dy't fersoarge wurde moatte oan it publyk toand wurde. Fjirder is der in restaurant en in sûvenirwinkel.
Yn 2005 waard der al in prinsipe-akkoord tekene, wêrtroch de Flaamske Mienskip yn 2006 it behear oer it 155 hektare grutte natuergebiet oernaam. De Mienskip sette it him ta doel de fersâning oan ta pakken en it natuerreservaat út te wreidzjen troch der parten fan de Willem-Leopoldpolder oan ta te foegjen. It byhearende fûgelpark waard oernommen troch de Provinsje West-Flaanderen.
Yn it Swin is der in soad ferskaat oan wetterfûgels.
Trivia
bewurkje seksje- Twaris waard hjir de Franske float troch de Ingelske float ferslein: yn 1213 en yn 1340.
- It Swin is, tegearre mei de tichbije strannen, ek bekind as fynplak fan 40 miljoen jier alde haaietosken.
Eksterne keppelings
bewurkje seksje- www.zwin.be Offisjele webstee fan It Swin
- www.tzwin.be Skiednis Swinstreek
- www.sincfala.be Museum Sincfala, it museum fan de Swinstreek.
- List mei waarnommen wetterfûgels yn it Zwin.