Hendrikus Abraham Ytsen (Henk) Wolf, (Utert, 25 febrewaris 1973) is taalkundige.

Henk Wolf
skriuwer
Wolf yn 2017
Wolf yn 2017
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrikus Abraham Ytsen Wolf
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 febrewaris 1973
berteplak Utert (Utert)
etnisiteit Frysk
Nederlânsk
wurk
taal Frysk, Nederlânsk, Noardfrysk
sjenre non-fiksje (taalkunde), kollumns,
oersettings
bekendste
  wurk(en)
De Fizioenen fan Mary (fert.)
útjouwer ELF
prizen Rely Jorritsmapriis 2004 foar 'De rôze oaljefant'
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.henkwolf.nl

Publikaasjes

bewurkje seksje

Hy publisearret oer de relaasje tusken syntaksis en sosjolinguïstyk, oer wurdfolchoarder yn it Frysk, taalferoaring en ferskate oare syntaktyske ûnderwerpen. Wolf wurket dêrneist as kollumnist. Hy publisearret ûnder oare yn it Frysk Deiblêd, Pompeblêden en Doar.

Wolf skriuwt út en troch yn it Noardfrysk. In part fan syn wurk yn dy taal is werom te finen op syn webside skriuwsels.net. Ek hat er meiwurke oan de learmetoade Snååk Frasch, dat troch de Fryske Akademy en de Afûk útjûn is. Dy learmetoade omfiemet ien kursusboek en ien wurdlist Frysk/Noardfrysk en oarsom.

Op 5 april 2015 ried Wolf yn syn Jeep fanút Aldegea by Garyp lâns, doe't der in merkel troch syn foarrút fleach en him mei de snaffel of ien fan 'e poaten yn it rjochtereach ferwûne. Hy hie lokkigernôch noch de tsjintwurdichheid fan geast om 'e auto útrôlje te litten. Nei't foarbygongers in ambulânse skille hiene dy't him nei it sikehûs yn Ljouwert ta brocht, waarden by in operaasje fearkes en glêssplinters út it each helle. Nei noch in operaasje yn it akademysk sikehûs yn Grins krige Wolf te hearren dat er foargoed blyn wêze soe yn syn rjochtereach. In moanne letter begûn er lykwols wer ljocht en kleurflakken te sjen, mei't syn netflues út himsels begûn op te betterjen. De dokters stiene foar in riedsel en neamden it in medysk wûnder. "Bizar, jong," sei Wolf sels yn in fraachpetear mei Asing Walthaus fan 'e Ljouwerter Krante, "Sa skerp as myn linkereach sil it net mear wurde, en myn rjochtereach hat muoite mei it waarnimmen fan 'e kleur grien." Wolf hat no in kontaktlins fan +14, en moat bûtendoar in sinnebril op hawwe om mooglike UV-skea foar te kommen.[1] Hy skreau oer it foarfal it Nederlânsktalige boek Een meerkoet in mijn oog.

  • 2005 – De Fizioenen fan Mary (oersetting fan Dean Koontz, The Vision)
  • 2006 – Youmir, Soan fan in Túnslang
  • 2006 – Wûnderaardichheden
  • 2016 - Een meerkoet in mijn oog
  • 2018 - Basisboek syntaxis

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Walthaus, Asing, Bijna blind gemaakt door meerkoet, yn: de Ljouwerter Krante, 5 augustus 2015.