Greetsiel

(Trochferwiisd fan Greetsyl)

Greetsiel is in havenplakje yn Dútslân. It plak leit oan de Leybocht yn it westen fan East-Fryslân. Der wenje likernôch 1.450 minsken (2012). Greetsiel is fierhinne it meast toeristyske plak fan de gemeente Krummhörn. Neist it toerisme spilet de garnalefiskerij ek in wichtige rol yn de lokale ekonomy.

Greetsiel
It histoaryske sintrum
It histoaryske sintrum
Bestjoer
Lân flagge fan DútslânDútslân
Dielsteat Nedersaksen
Landkreis Auwerk
Gemeente Krummhörn
Sifers
Ynwennertal 1450 (2012)
Oerflak 15,17 km²
Befolkingsticht. 96 / km²
Hichte 1 m
Oar
Postkoade 26736
Offisjele webside
greetsiel.de
Kaart fan Krummhörn
Loftfoto fan it histoarysk sintrum

De namme Greetsiel komt foar it earst foar yn brieven út 1388 (Okko I tom Brok). Skippen út Hamburch leinen doe yn de haven fan Greetsiel foar anker en moasten tol betelje. It plak waard fan it domein Appingen út stifte troch de Sirksena's, in East-Fryske haadlingefamylje. Doe't Appingen hieltyd minder wichtiger waard, waard Greetsiel it plak fan de haadlingen. Greve Edzard I waard yn 1462 yn de stins fan de Sirksena’s berne. Under dizze hearskippij soe East-Fryslân rinne fan de Wezer oant Grins. Yn 1547 waard Ubbo Emmius yn Greetsiel berne.

Omdat de kommunistyske beweging yn Greetsiel aardich sterk wie, waard in diel fan de kommunisten troch de nazi's oppakt. Op syn minst 14 twangsarbeiders waarden registrearre. De measten kamen út Poalen, Ruslân en de Oekraïne. Yn in barak oan 'e seedyk waarden sa'n 30 Frânske en Belgyske kriichsfinzenen ûnderbrocht. Letter yn 'e oarloch krige Greetsiel in strafkamp. It strafkamp hie tusken de 40 en 60 finzenen, sa'n 70 prosint dêrfan wie Russysk of Oekraynsk. By bombardeminten yn 1942 waarden fjouwer huzen ferneatige en noch mear skansearre. It grutste diel fan it histoaryske sintrum is bewarre bleaun.

Greetsiel leit sûnt 1972 yn de gemeente Krummhörn, dêrfoar wie it plak in selsstannige gemeente. Om deselde tiid komt it toerisme yn Greetsiel op gong.

Befolkingsûntjouwing

bewurkje seksje
Jier Ynwennertal
1821 722
1848 931
1871 898
1885 815
1905 754
1925 925
1933 1124
Jier Ynwennertal
1939 1278
1946 1547
1950 1679
1956 1461
1961 1366
1970 1569
1980 1529
Jier Ynwennertal
1990 1391
2000 1552
2005 1588
2006 1534
2012 1450

Wichtige plakken en gebouwen

bewurkje seksje
 
De Twillingmûnen fan Greetsiel.

Greetsiel is hjoed de dei in toeristysk plak mei in stik as wat toeristyske attraksjes. Bygelyks:

  • De haven fan Greetsiel
  • De Twillingmûnen.
  • De tsjerke.
  • De Poppingas Alde Bakkerij.
  • De âlde syl (1798)
  • De nije syl (1887)

De ôfstân ta de stêden Emden en Norden is 15 en 20 kilometer. Fan 1906 oant 1963 hat der in meterspoarferbining mei Pewsum en Emden west. Tsjintwurdich fersoargje bussen de ferbinings mei dizze plakken en mei Norden.

Keppeling om utens

bewurkje seksje