Galaktyske Republyk

De Galaktyske Republyk (Ingelsk: Galactic Republic), faak koartwei oantsjut as de Republyk, is in fiktyf ynterstellêr steatsferbân út 'e Star Wars-franchise, dat yntrodusearre waard yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Dizze steat, dy't in hiel stjerrestelsel beslacht, komt benammen prominint nei foarren yn 'e films út 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005). De Republyk wurdt dêryn ôfskildere as in demokratyske, federale republyk dy't al 25.000 jier bestiet, mar dekadint en korrupt wurden is en fertize rekke is yn laach nei laach fan burokrasy. Inkeld troch de warberens fan 'e Jedi Oarder hâldt it steatsferbân noch stân. Oan 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith wurdt de Republyk ûnder fuotten helle troch de Sith en ferfongen troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk. De ophefte Republyk wurdt dêrnei wol oantsjut as de Alde Republyk. Nei't de oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk likernôch 25 jier letter de weroprjochting fan 'e Galaktyske Republyk mooglik makket, sprekt men fan 'e Nije Republyk.

Galaktyske Republyk
ûnderdiel fan Star Wars
flagge wapen
lokaasje en geografy
lokaasje "yn in Stjerrestelsel
   fier, fier fuort"
haadstêd Stêd fan de Republyk
grutste stêd Stêd fan de Republyk
polityk
steatsfoarm republyk
steatshaad kânselier
regear kânselier (útfierend)
Galaktyske Senaat (wetjaand)
offisjele taal Basaalsk (Basic)
muntienheid Galaktyske kredyt
oprjochting 25.000 f.Sl.Y.
opheffing 19 f.Sl.Y.
opgien yn Galaktysk Keizerryk
weroprjochte 5 n.Sl.Y.
sifers
ynwennertal tsientallen biljoenen
diameter 120.000 ljochtjier [1]
tal stjerren ±400 miljard[1]
tal bewenne
   planetestelsels
>3,2 miljard[1]

Tiidrekkening

bewurkje seksje

Yn 'e skiednis fan 'e Galaktyske Republyk en fan Star Wars yn it algemien wurdt ornaris gebrûk makke fan in tiidrekkening dy't basearre is op 'e oerwinning fan it Rebelleferbûn op it Galaktysk Keizerryk yn 'e Slach by Yavin, sa't dy werjûn waard yn 'e earste Star Wars-film Star Wars: Episode IV – A New Hope. Men skriuwt dan "f.Sl.Y." ("foar de Slach by Yavin"; Ingelsk: BBY, Before the Battle of Yavin) en "n.Sl.Y." ("nei de Slach by Yavin"; Ingelsk: ABY, After the Battle of Yavin).

Fiktive astronomy

bewurkje seksje

De Galaktyske Republyk beslacht in hiel stjerrestelsel mei in diameter fan 120.000 ljochtjier.[1] De lokaasje fan dat stjerrestelsel yn it hielal wurdt dizenich holden en inkeld oantsjut mei de wurden: "lang ferlyn yn in stjerrestelsel fier, fier fuort". It rûntsjedraaiende Stjerrestelsel omfiemet likernôch 400 miljard stjerren ferdield oer fjouwer nei bûten ta útstekkende 'earms', mei in reuseftich swart gat yn 'e midden.[1] Der binne mear as 3,2 miljard bewenne planetestelsels,[1] mei ûntelbere yntelliginte libbensfoarmen en in befolking dy't perfoarst yn 'e tsientallen biljoenen rint as it net noch mear binne.

De Galaktyske Republyk is in federaal ynstitút. Planeten en planetestelsels dy't der lid fan binne, bliuwe, wat yntern bestjoer oangiet, autonoom en hâlde har eigen wetten en foarmen fan regear, mitsdat dy net yngeane tsjin 'e kearnwearden fan 'e Republyk. Sadwaande omfiemet de Republyk in grut ferskaat oan steatsfoarmen, fan republiken oant monargyen oant swaarmeftige kommunes. De sintrale wetjaande macht fan 'e Galaktyske Republyk is de Galaktyske Senaat, dêr't oarspronklik alle lidwrâlden in fertsjintwurdiger hinne stjoerden. Doe't de Republyk almar fierder oanwoeks, waard dat systeem ûnhâldber. By de herfoarming fan 1032 f.Sl.Y. waard besletten om bewenne wrâlden by fyftichtallen yn sektors yn te dielen en eltse sektor in senator te jaan. Doe't letter it tal sektors te grut groeide, waarden de sektors ferdield oer 1.024 regio's, dy't elts ien delegaasje nei de Senaat stjoere mochten. De útfierende macht fan 'e Galaktyske Republyk leit yn 'e hannen fan 'e kânselier en syn regear. De kânselier wurdt keazen troch de leden fan 'e Senaat.

 
Utlis oangeande it aurebesh-alfabet dat yn 'e Star Wars-franchise yn gebrûk is foar it Basaalsk (Basic), de offisjele taal en lingua franca fan it Stjerrestelsel.

De offisjele taal fan 'e Galaktyske Republyk is Basaalsk (Ingelsk: Basic), in fan oarsprong minsklike taal, dy't yn it hiele Stjerrestelsel as lingua franca brûkt wurdt. It Basaalsk wurdt skreaun yn it aurebesh-alfabet (sjoch ôfbylding).

Fiktive skiednis

bewurkje seksje

Iere milennia

bewurkje seksje

Men wol hawwe dat der net folle bekend is oer de ierste skiednis fan it Stjerrestelsel, mar wol is dúdlik dat ferskate soarten yntelliginte wêzens, wêrûnder minsken, dy't evoluëarre wiene op 'e saneamde Kearnwrâlden, mear nei de midden fan it Stjerrestelsel, letter it Stjerrestelsel kamen te dominearjen. De gongbere teory is dat minsken oarspronklik fan 'e planeet Coruscant kamen, en letter oare Kearnwrâlden kolonisearren, lykas Alderaan, en har noch wer letter fierder ferspraten nei de oare dielen fan it Stjerrestelsel. It is ûnbekend oft de hyperoandriuwing dy't flugger-as-ljochtreizgjen mooglik makke, útfûn waard troch minsken of oaren op 'e Kearnwrâlden of yntrodusearre waard troch bûtenierdske keaplju fan omfierrens út 'e Unbekende Regioanen. Men is it der lykwols oer iens dat de útfining fan 'e hyperoandriuwing foarôfgie oan 'e formaasje fan 'e Galaktyske Republyk.

De Galaktyske Republyk waard om 25.000 f.Sl.Y. hinne stifte, doe't de earste Galaktyske Grûnwet op Coruscant troch fertsjintwurdigers fan 'e dielnimmende planetestelsels ûndertekene waard. Dat barde nei't de beskikberens fan flugger-as-ljochtreizgjen, mooglik makke troch de yntroduksje fan 'e hyperoandriuwing, in ynterstellêr steatsferbân praktysk makke hie. De Stêd fan 'e Republyk op Coruscant waard it bestjoerssintrum fan 'e Republyk en meitiid woeks dy stêd sa oan dat er it hiele oerflak fan 'e planeet oerdiek en dêr synonym mei waard. De leden fan 'e Jedi Oarder, dy't om deselde snuorje hinne formearre wie as de Republyk, ûntjoegen har al rillegau ta de hanthaveners fan frede, wet en oarder yn 'e Republyk.

Yn syn oanbegjin wie de Galaktyske Republyk inkeld in ekonomysk en militêr bûnsgenoatskip mei ferskate hûnderttûzenen lidwrâlden. Meitiid wreide de Republyk him út nei de Koloanjes en oare ôfhandige dielen fan it Stjerrestelsel, dy't mei-inoar de Râne foarmen. De Republyk ûntjoech him ta in supermacht mei in almar mear sintralisearre regear oer it hiele Stjerrestelsel. De Kearnwrâlden, lykas Coruscant en Alderaan, wiene fan it begjin ôf oan al ferneamd om har wolfeart en beskaving, dy't de Koloanjes letter belykje koene. De Binnenrâne en de Ekspânsjeregio wiene wat minder feilich en ryk. De Middenrâne wie in ûnfeilige regio dêr't yn 'e ûnlijige tiden gâns fochten waard op planeten lykas Naboo en Kashyyyk. En de Bûtenrâne bleau altyd in earme en wetteleaze krite, dêr't it gesach fan 'e Republyk inkeld yn namme gou en misdiesyndikaten foar master opsloegen troch mei grou geweld eltse tsjinstân fan 'e befolking te ûnderdrukken. Sa hiene op 'e planeet Tatooine de Hutts it tradisjoneel foar it sizzen.

It earste Sith-ryk en de Hege Republyk

bewurkje seksje

Om 5000 f.Sl.Y. hinne waard de Sith Oarder oprjochte (of weroprjochte), wêrfan't de leden longeren op oerhearsking fan it hiele Stjerrestelsel. Doe't de Sith almar sterker waarden, briek úteinlik de earste Sith-oarloch út, wêrby't se in Sith-ryk stiften dat yn krêft oanwoeks al neigeraden dat de Republyk yn krêft belune. Meitiid ûntjoegen de Sith har ta in supermacht dy't de Republyk belykje koe. Omtrint 1500 f.Sl.Y. begûn in tsjuster tiidrek wêryn't de Republyk op 'e râne fan 'e ûndergong brocht waard. Mei de befrijing fan Coruscant yn 1032 f.Sl.Y. waarden de Sith lykwols ferslein troch de Jedi en de striidkrêften fan 'e Republyk, wêrnei't it Sith-ryk ynstoarte. De Republyk waard neitiid fernijd en demilitarisearre himsels by de Reformaasje fan Ruusan.

It folgjende tiidrek yn 'e skiednis fan 'e Republyk stie bekend as de Hege Republyk, om't it de heechtijdagen fan it steatsferbân wiene. De Republyk wreide him doe noch mar stadich út, mei't der gjin sprake mear wie fan feroverings, mar inkeld noch fan diplomatyk neieroankommen mei nije wrâlden. Der ûntjoegen har machtsblokken yn 'e Republyk, mar de Jedi soargen derfoar dat de oarder hanthavene bleau. Linkendewei waard de Republyk wat langer wat dekandinter en korrupter, en der ûntstie in djip wantrouwen tusken de Kearnwrâlden en de Râne.

Nabooaanske Krisis

bewurkje seksje

Under it kânselierskip fan Finis Valorum ûntstie der yn 32 f.Sl.Y. in krisis doe't de Hannelsfederaasje in blokkade ynstelde fan 'e planeet Naboo (sjoch: Star Wars: Episode I – The Phantom Menace). Ferskate hannelblokken mei fertsjintwurdiging yn 'e Galaktyske Senaat, lykas de Hannelsfederaasje en it Keapljusgilde, hiene eigen legers fan androïden opboud om harren winsten te beskermjen, wylst de measte selsbestjoerende planeten yn 'e Republyk ek har eigen kriichsmacht hiene, lykas it gefal wie mei Naboo. Hoewol't de Galaktyske Republyk as gehiel net oer striidkrêften beskikte, koe der sadwaande dochs oarloch útbrekke. De Hannelsfederaasje litte lykwols in gefoelige nederlaach en de krisis waard delbêde, hoewol't kânselier Valorum kaam te fallen en opfolge waard troch Palpatine, de eardere senator foar Naboo.

Separatistyske Krisis en de Kloane-oarloggen

bewurkje seksje

Underwilens wie de kleau tusken de Kearnwrâlden en de Râne almar fierder oanboaze, en yn 24 f.Sl.Y. waard de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels (KUS) foarme, in groep fan planetestelsels dy't har fan 'e Republyk ôfskiede woene. Nei't de Hannelsfederaasje, de Techno-uny en ferskate oare ynfloedrike machtsblokken har by de KUS joegen, groeide dy organisaasje omreden fan syn reuseftige androïdelegers út ta in serieuze bedriging foar de Republyk.

Tsien jier earder hie Sifo-Dyas, in Jedi-master dy't bejeftige wie mei foarkennis fan 'e takomst, lykwols op 'e planeet Kamino al in leger kloansoldaten besteld. Hoewol't in protte pasifistyske lieders har dêrtsjin oankanten, naam de Galaktyske Senaat it beslút om 'e sintrale oerheid wer in kriichsmacht te jaan. De kloansoldaten waarden dy kriichsmacht, dy't it Grutte Leger fan 'e Republyk kaam te hjitten en ûnder befel fan 'e Jedi pleatst waard. De Kloane-oarloggen tusken de Jedi en harren kloansoldaten oan 'e iene kant en de androïdelegers fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels oan 'e oare kant woeden fan 22 oant 19 f.Sl.Y. De oarlochsynset fan 'e Republyk waard hindere om't de Techno-uny, dêr't de measte swiere yndustry yn 'e Republyk ûnder foel, him by de KUS oansletten hie. Nettsjinsteande dat waarden fan it twadde jier ôf de separatisten weromdreaun nei de Râne.

Underwilens wist kânselier Palpatine himsels yn oarlochstiid almar mear macht ta te eigenjen, oant er yn 19 f.Sl.Y. de tiid ryp achte om syn momkape ôf te smiten en himsels bekend te meitsjen as de Sith-master Darth Sidious. Hy liet Oarder 66 útgean, in befel oan alle kloansoldaten om harren Jedi-oanfierders te fermoardzjen. By dy Grutte Suvering fan 'e Jedi kamen tsientûzenen Jedi om. It haadkertier fan 'e oarder, op Coruscant, waard útmoarde troch it 501e Legioen ûnder lieding fan Anakin Skywalker, in Jedi dy't oerrûn wie nei de Sith en no Darth Vader wurden wie. Dêrmei kaam in ein oan 'e Republyk, dy't fan dat stuit ôf de Alde Republyk neamd waard. Yn it plak dêrfan rjochte Palpatine it Galaktysk Keizerryk op mei himsels as keizer.

Galaktysk Keizerryk en opstân

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Galaktysk Keizerryk.

Binnen it Galaktysk Keizerryk ûntstie al rillegau ûnfrede oer it skrikbewâld dat troch Palpatine fierd waard. Politisy as Mon Mothma, kening Bail Organa fan Alderaan en letter Organa syn oannommen dochter prinsesse Leia kanten har dêr yn 'e Galaktyske Senaat iepentlik tsjin oan, wêrmei't se har de fijânskip fan 'e keizer op 'e hals hellen. Mei't de Senaat inkeld noch yn teory macht útoefene en Palpatine gjin inkele oanstriid hie om mei de opposysje ta in kompromis te kommen, seagen syn tsjinstanners in wapene opstân as de iennichste mooglikheid om rjocht en demokrasy yn eare werom te bringen.

Sadwaande waard yn 5 f.Sl.Y. it Rebelleferbûn foarme, dat focht foar de weroprjochting fan 'e Alde Republyk. Keizer Palpatine sloech werom mei de bou fan 'e Deadsstjer, in romtestasjon ter grutte fan in lytse moanne dat tagelyk in massaferneatigingswapen wie dêr't hiele planeten mei ferdylge wurde koene. Hy brûkte dat fiif jier letter tsjin Alderaan, dat folslein ferneatige waard. Koart dêrnei boekten de rebellen harren earste grutte oerwinning yn 'e Slach by Yavin, wêrby't se de Deadsstjer ferneatigen. Yn it djipste geheim begûnen Palpatine en syn wichtichste hantlanger Darth Vader oan 'e bou fan in twadde Deadsstjer. Yn 'e Slach by Endor, yn 4 n.Sl.Y., waard it Galaktysk Keizerryk lykwols troch de rebellen ûnder fuotten helle mei de ferneatiging fan 'e twadde Deadsstjer en de dea fan Palpatine troch it oerrinnen fan Vader.

Neitiid krigen de striidkrêften fan it Keizerryk befel om Operaasje Sintel te begjinnen, in plan fan Palpatine foar it gefal dat er sels omkomme soe. Dat wie bedoeld om sawol de rebellen út te rûgjen as de organisaasje fan it Keizerryk te ferneatigjen as straf foar it net foarkommen fan syn dea. Yn 'e Slach by Jakku wisten de rebellen lykwols de selsferdylging fan it Keizerryk foar te kommen, wêrmei't se einlings it regear fan Palpatine oer it Stjerrestelsel ta in ein brochten.

Nije Republyk

bewurkje seksje

Yn 5 n.Sl.Y. waard de Galaktyske Republyk troch de lieders fan it Rebelleferbûn weroprjochte yn 'e foarm fan 'e Nije Republyk. De striid wie lykwols noch net foarby, want de restanten fan it Keizerryk kloften meitiid gear ta de Earste Oarder. Yn 28 n.Sl.Y. rjochte in diel fan 'e liederskip fan 'e Nije Republyk, dat yn noed siet oer de oanboazjende korrupsje yn 'e Galaktyske Senaat en de ûnwilligens fan dat orgaan om 'e Earste Oarder as in serieuze bedriging te sjen, it Ferset op. Dy organisaasje naam de wapens op tsjin 'e Earste Oarder. Yn 34 n.Sl.Y. stoarte de Nije Republyk effektyf yn doe't de Stjerredeaderbasis fan 'e Earste Oarder de planeet Hosnian-Primus ferwoastge, de sit fan sawol de Senaat as de Republikeinske float.

Op 't langelêst die bliken dat de aksjes fan 'e Earste Oarder manipulearre waarden troch Palpatine, dy't út 'e dea opstien wie. Nei de Slach by Exegol, yn 35 n.Sl.Y., makken de Jedi Rey en Ben Solo yn gearwurking mei it Ferset foargoed in ein oan Palpatine, de Ivige Sith en de hiele Earste Oarder. Dat iepene de doar foar de fuortsetting fan 'e Nije Republyk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 Artikel oer it Star Wars-Stjerrestelsel yn 'e Wookieepedia.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Literature, op dizze side.