Brief oan de Romeinen
It Brief oan de Romeinen, yn it oarspronklike Gryksk: Επιστολή προς Ρωμαιους, Epistoli pros Romaious, ek wol koartwei Romeinen neamd, is it sechsde boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de earste fan 'e brieven, en heart ta de Brieven fan Paulus. Dat de apostel Paulus dit brief skreaun hat, is frijwol ûnbekreaud. De measte bibelwittenskippers en teologen binne it deroer iens dat it yn 'e jierren 55-57 skreaun wêze moat mei as doel om oan 'e kristlike gemeente yn Rome de ferlossing te beskriuwen dy't besletten leit yn it evangeelje. Romeinen is de langste fan 'e Brieven fan Paulus, en wurdt beskôge as Paulus syn wichtichste teologyske neilittenskip. De earste folsleine Fryske oersetting fan Romeinen stie yn 'e fertaling fan it Nije Testamint fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1933 útkaam.
Brief oan de Romeinen | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Επιστολή προς Ρωμαιους ("Epistoli pros Romaious") | |
auteur | Paulus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 55 – 57 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Hannelingen fan de Apostels | |
● folgjend diel | Earste Brief oan de Korintiërs | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief oan de Romeinen | |
publikaasje | 1933, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt Brief oan de Romeinen iepenet mei in ynlieding (Rom. 1:1–15), dy't in groetnis (Rom. 1:1-7) en in tankgebed (Rom. 1:8-15) omfettet. Dêrnei giet Paulus fierder mei in stik kristlike lear (Rom. 1:16-11:36) te ferkundigjen, wêryn't er û.m. útleit hoe't in minske troch it leauwe rjochtfeardich wurde kin foar it antlit fan God. De bekendste tekst fan hiele Romeinen heart hjirta, ntl. Rom. 8:38-39, dêr't Paulus yn úthâldt dat der hoegenamt neat is dat de leauwende fan Gods leafde skiede kin: "Want ik bin derfan oertsjûge dat noch dea noch libben, noch ingels noch boppe-ierdske hearskers, noch hjoed noch takomst, noch oare machten, noch hichte noch djipte, noch watfoar oar skepsel ek, ea ús skiede kin fan Gods leafde yn Jezus Kristus, ús Hear."
Dan folget in fermoanjend stik (Rom. 12:1-15:13), wêryn't û.o. de sterken oproppen wurde om noed te stean foar de swakkeren. It brief einiget mei in stikmannich persoanlike meidielings en groetnissen (Rom. 15:14-16:27). Ut dat slot kin men opmeitsje dat Paulus net inkeld fan doel wie om 'e kistlike gemeente yn Rome te besykjen, mar teffens om dêrnei troch te reizgjen nei de Romeinske provinsje Hispanje, op it Ibearysk Skiereilân. Yn Rome kaam er wol (sjoch: Hannelingen fan de Apostels), sij it yn 'e boeiens. Mar oft er ek ea Hispanje berikt hat, is net dúdlik.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeYn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Rom. 5:1-11 út. De earste folsleine Fryske oersetting fan Romeinen stie yn it Nije Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dat yn 1933 útkaam en dat fan 1943 ôf ûnderdiel útmakke fan 'e earste Fryske bibeloersetting. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan Romeinen waard dêrby dien troch drs. H. Dijkstra, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch perfester dr. J.H. Brouwer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |