Antonius Brugmans

Antonius Brugmans (Hantum, 22 oktober 1732 - Grins, 27 april 1789) wie in heechlearaar yn de wiisbegearte, wiskunde en natuerkunde. Hy wie de heit fan Sebald Justinus Brugmans, botanikus en heechlearaar.

Antonius Brugmans
(Koll. Museum Martena)

Antonius Brugmans waard berne yn Hantum as soan fan de predikant dêre, Pibo Brugmans (1697-1767), en Petronella Wiersma (1694-1777). Heit Brugmans studearre teology yn Frjentsjer.
Al yn 1746 hied er de Latynske skoalle yn Dokkum trochrûn om dêrnei útein te setten mei in stúdzje oan de Universiteit fan Frjentsjer; hy wie doe 14 jier. Hy promovearre doe't er 18 wie en folge syn learmaster, de wiskundige Johann Samuel König, yn 1749 nei De Haach.[1] Nei't Petrus Camper út Frjentsjer weigien wie waard Brugmans dêr beroppen as heechlearaar filosofy yn 1755.[2] Yn 1767 oanfurdige er it heechlearaarskip wis- en natuerkunde oan de Universiteit fan Grins. Yn 1770 waard er rector magnificus fan de universiteit. Yn 1771 folge Gerardus Kuypers him op as rektor.[3]

Brugmans wie ûnder mear lid fan it genoatskip Pro Excolendo Jure Patrio. Yn 1771 waard er lid fan de Hollandse Maatschappij der Wetenschappen. Antonius Brugmans waard benammen bekend om syn stúdzjes oer common sense, it magnetisme en it ferlizzen fan de grinzen fan de fysika. Hy wie in oanhinger fan Isaac Newton.

Brugmans stoar yn 1789 oan de gefolgen fan in sarkoom. Hy wenne doe yn de Folkingestrjitte yn Grins.[3]

Houlik en bern

bewurkje seksje

Brugmans boaske yn 1761 te Delft mei Johanna Frederika Manger (1734-1811), dochter fan Sebald Godfried Manger, predikant yn Goes en Delft. Sy krigen fiif bern:

  1. Sebald Justinus Brugmans (1763-1819), dokter, natuurûndersiker en heechlearaar yn Frjentsjer en letter yn Leien.
  2. Petronella Louisa Brugmans (1766-1837), troude mei Carolus Boers, heechlearaar yn Leien. Sy troude fannijs mei Cornelis Hendrik Emmen, advokaat, sekretaris en letter stedsrintmaster yn Grins.
  3. Pibo Antonius Brugmans (1769-1851), oranzjiste advokaat en bestjoerder yn Amsterdam. Hy troude mei Anna Rijsendaal fan Amsterdam.
  4. Eva Justina Brugmans (1773-1845), troude mei Johannes Rutgers, dûmny yn Grins.
  5. Sara Brugmans (1776-1833), troude mei Abel Viëtor Haenenberger, advokaat te Beerta. Letter troude se nochris mei Meint Beekhuis fan Wynskoat.
 
Tentamina philosophica de materia magnetica eiusque actione in ferrum et magnetem, 1765
  • de Essentiarum idearumque absoluta necessitate. Frjentsjer [1748] (dispút).
  • Dissertatio de Phaenomeno. Frjentsjer [1749] (dissertaasje).
  • Proeve over de waare grondwetten der beweging en ruste. Leien [1753].
  • de Sensu communi matheseos et philosophiae matre. Frjentsjer [1756] (rede).
  • Oratio de sensu communie, matheseos et Philosophiae matre. Frjentsjer [1761] (oraasje).
  • Tentamina philosophica de materia magnetica ejusque actione in ferrum et magnetem. Ljouwert [1765].
  • de Proferendis physices pomoeriis. Grins [1767] (rede).
  • de Incognitis Dei perfectionibus. Frjentsjer [1767] (lêzing).
  • Schediasma quo demonstratur corpora perfecte dura cum principio continuitatis non consistere. [1767].
  • Sermo publicus de monumentis variarum mutationum, quas Belgii foederati solum aliquando passum fuit. [1771].
  • Magnetismus sive de affinitatibus magneticis observationes academicae. Leien [1778].
  • M.J. Petry en M.R. Wielema - Antonius Brugmans (1732-1789) : bruggenbouwer in de filosofie

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Broer, H.W. & Snoo, H.S.V. de (2019). Antonius Brugmans 1732-1789. [online] Beskikber fia: Math.rug.nl. [Sjoen op 1 maart 2020].
  2. Aa, A.J. van der (1855). Biographisch woordenboek der Nederlanden. Deel 2. Derde en vierde stuk. Haarlim: J.J. van Brederode.
  3. 3,0 3,1 Blok, P.J. & Molhuysen, P.C. (Red.) (1912). Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek, Deel 2. Leiden: A.W. Sijthoff.