Ahch-To
Ahch-To (útspr.: [ˈaːʃtə], likernôch: "aasj-tuh")[1] is in fiktive planeet út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waard yn 'e film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015), it earste diel fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy. Ahch-To makket diel út fan it planetestelsel mei deselde namme, yn 'e krite fan it Stjerrestelsel dy't bekend stiet as de Unbekende Regioanen. De planeet rûntsjedraait om in binêre stjer hinne en hat sels ien moanne. It oerflak is alhiel oerdutsen troch oseänen, mei hjir en dêr wat fulkanyske eilannen. De atmosfear is sykhelber foar de measte libbensfoarmen.
De lânseigen fauna op Ahch-To bestiet foar it meastepart út fisken en oar seelibben. Op 'e eilantsjes libje in protte porgs, dy't op 'e rotsen nêstelje. Dêr libje ek de Thala-sirenen, sûchdieren dy't de rotsige kusten fan 'e eilantsjes besykje om it libben te skinken oan harren jongen. De lâneigen floara bestiet út beammen, lytsere planten en moas. Der hat him op Ahch-To ek in yntelliginte soarte bûtenierdske wêzens ûntjûn, de Lanai.
Ahch-To is it plak dêr't de Jedi Oarder oprjochte is, 25.000 jier foarôfgeande oan 'e foarfallen yn 'e Skywalker Saga. Omreden fan 'e geheimen dy't dêr ferbân mei holden, waard de lokaasje fan Ahch-To foar de rest fan it Stjerrestelsel ferburgen. De planeet waard úteinlik, nei tûzenen jierren, werûntdutsen troch de Jedi-master Luke Skywalker, mei de help fan 'e ûntdekkingsreizger Lor San Tekka. Nei it jammerdearlik mislearjen fan syn weroprjochting fan 'e Jedi Oarder loek Skywalker him yn selsopleine ballingskip op Ahch-To werom.
De film Star Wars: Episode VII – The Force Awakens lit de syktocht fan it Ferset sjen nei de lokaasje fan it ballingsoard fan Skywalker, waans stipe ferlet fan is om 'e faksistoïde en diktatoriale Earste Oarder te ferslaan. Uteinlik wurdt alle sykjen beleanne, en oan 'e ein fan 'e film reizgje de Wookiee Chewbacca, de robot R2-D2 en de jonge Krêftgefoelige frou Rey nei Ahch-To ôf, dêr't se Skywalker oantreffe.
Yn 'e ferfolchfilm Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) is te sjen dat dyselde hielendal net sit te wachtsjen op besite. Hy is ferbittere rekke en wisberet om 'e Jedi Oarder útstjerre te litten. Mei muoite witte Rey-en-dy him op oare gedachten te bringen. Nettsjinsteande dat beslút er neitiid de oerâlde holle beam dy't de ierste boeken fan 'e Jedi befettet, plat te baarnen. Letter docht bliken dat Rey de boeken rêden hat. Sy keart werom nei Ahch-To yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019), as se troch de dea fan Leia Organa troch skuldgefoelens tramtearre wurdt. It is har bedoeling om har dêr, krekt as Skywalker foar har, yn selsopleine ballingskip werom te lûken, mar Skywalker, dy't no in geast yn de Krêft is, praat har dat út 'e holle.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
planeten út Star Wars | |
---|---|
Ahch-To • Alderaan • Bespin • Cantonica • Cereä • Champala • Christophsis • Corellia • Coruscant • Crait • Dagobah • Dathomir • Dorin • D'Qar • Eadu • Endor • Exegol • Geonosis • Glee Anselm • Hoth • Iktotch • Iktotchon • Iridonia • Jakku • Jedha • Kalee • Kamino • Kashyyyk • Kef Bir • Kessel • Kijimi • Lah'mu • Lannik • Malastare • Mandalore • Mimban • Mirial • Mon Cala • Mustafar • Naboo • Nal Hutta • Nar Shaddaa • Neimoïdia • Pasaana • Quermia • Ryloth • Savareen • Scarif • Shili • Takodana • Tana • Tatooine • Thisspias • Tholoth • Toydaria • Utapau • Vandor • Yavin |